Nederlands Bijbelgenootschap: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 22:
| webside = [http://www.bijbelgenootschap.nl www.bijbelgenootschap.nl]
}}
It '''Nederlands Bijbelgenootschap''' ('''NBG''') is in [[protestantisme|protestantske]] feriening dy't him ta doel steld hat om 'e [[Bibel]] oer te setten, te printsjen en te fersprieden, en foarjochting oangeande de Bibel te jaan. It NBG waard yn [[1814]] oprjochte op inisjatyf fan 'e [[British and Foreign Bible Society]], dy't tsien jier earder al stifte wie. Yn 't earstoan bestiene de wurksumheden benammentlik út 'e distribúsje fan bibels, mar fan [[1847]] ôf begûn it NBG ek sels bibels út te jaan. It beheinde syn aktiviteiten net inkeld ta it [[Nederlânsk]] taalgebiet; al fan [[1823]] ôf waarden der yntern [[taalkundige]]n oplaat om bibeloersettings nei oare talen meitsje te kinnen (lykas it [[Javaansk]] en oare lânseigen talen yn [[Nederlânsk-Ynje]]). Oan 'e ein fan 'e [[Twadde Wrâldoarloch]] waard dat wurk oerdroegen oan 'e [[United Bible Society]] (UBS). Sûnt de sechstiger jierren fan 'e tweintichste iuw wurdt by it oersetten en útjaan fan bibels yn 'e regel gearwurke mei de [[roomsk-katolisisme|roomske]] [[Katholieke Bijbelstichting]]; sa joegen beide organisaasjes yn [[1978]] tegearre de [[Nije Fryske Bibeloersetting]] út. Foar wittenskiplike stipe waard by de oersetting fan it [[Alde Testamint]] fan 'e Nederlânsktalige ''Nieuwe Bijbelvertaling'' fierders ek gearwurke mei [[joadendom|joadske]] [[teolooch|teologen]]. It NBG is fêstige te [[Haarlim]]. Yn [[2003]] waard it behear fan 'e [[útjouwerij]] fan it NBG oerdroegen oan ''Uitgeversgroep Jongbloed'' op it [[It Hearrenfean (plak)|Hearrenfean]].
 
==Keppelings om utens==