Port Vila: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 32:
It gebiet dêr't Port Vila leit hat al tûzenen jierren bewenne west troch [[Melaneezje|Melanesysken]] folken. Yn 1606 kamen de earste Europeanen oan by it eilân, laat troch [[Pedro Fernández de Quirós]] en [[Luis Váez de Torres]]. Yn de [[19e iuw]] stiften Frânske lânferhuzers it plak [[Franceville, Nije Hebriden|Franceville]] op de Nije Hebriden en ferklearren har ûnôfhinklik yn 1889. It waard de earste selsstannige steat dêr't net op geslacht of ras diskriminearre waard wat it kiesrjocht oanbelange. Hoewol't de befolking yn dy tiid út 500 lânseigen eilanners bestie en dêr mar 50 blanken sieten, mochten allinne de lêsten in publike funksje beklaaie. Ien fan de keazen presidinten wie de Amerikaan [[R.D. Polk]].<ref>"Wee, Small Republics: A Few Examples of Popular Government," ''Hawaiian Gazette'', 1 novimber 1895, s. 1</ref>
 
Nei 1887 waard it territoarium tagelyk troch sawol de [[Frankryk|Frânsen]] as de [[Feriene Keninkryk|Britten]] bestjoerd. Dy regeling waard offisjeel fêstlein yn 1906 as in Ingelsk-Frânsk ''[[Kondominium (ynternasjonaal rjocht)|Condominium]]''. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] wie Port Vila in Amerikaanske en Australyske loftmachtbasis. Yn 1987 rekke de stêd swier skansearre troch de [[orkaan|sykloan]] 'Uma' en de [[ierdskodding]] fan jannewaris 2002 feroarsake ek in protte skea yn de stêd en omkriten.
 
{{boarnen|boarnefernijing=