Ramp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
 
Rigel 2:
In '''ramp''' of '''katastrôfe''' (fan it [[Frânsk]]e ''catastrofe'', mei deselde betsjutting) is in barren wêrby't in earnstige fersteuring fan it iepenbiere libben en de [[maatskiplik]]e feilichheid ûntstiet en it [[libben]] en/of de [[sûnens]] fan in protte [[minske]]n, it [[miljeu]] en/of wichtige [[ekonomy|materiële belangen]] slim bedrige wurde of skansearre reitsje. Der is dan ferlet fan in koördinearre ynset troch [[ynstânsje]]s en [[organisaasje]]s fan ferskate dissiplines om 'e driging wei te nimmen of de skealike gefolgen te beheinen. In ramp kin ek liede ta it ûntstean fan in langer duorjende [[krisis]]. Persoanen kinne by in ramp belutsen reitsje yn in stikmannich hoedanichheden, te witten: as [[slachtoffer]], [[neibesteande]], dupearre, [[helpferliener]] of [[politikus]]/[[bestjoer]]der. Guon lju dy't net by in ramp belutsen binne, fiele de net te ûnderdrukken oanstriid om mei eigen eagen de gefolgen fan in ramp te besjen; dat oer it algemien negatyf beskôge ferskynsel wurdt [[ramptoerisme]] neamd.
 
Rampen kinne yndield wurde yn in stikmannich [[kategory]]en. Yn it foarste plak is er de [[natoerramp]]: in ramp feroarsake troch [[natoer]]ferskynsels, lykas: in [[berchstoarting]], [[drûchte]], [[fulkaanútbarsting]], [[hjitteweach]], [[ierdbeving]], [[ierdferskowing]], [[lahar (fulkanology)|lahar]] (dreklawine), [[lawine]], [[meteoarynslach]], [[natoerbrân]] (lykas in [[boskbrân]]), [[oerstreaming]], [[orkaan]]/[[tyfoan]]/[[orkaan|sykloan]], [[rotslawine]], [[sinneflam]], [[tornado]]/[[wynhoas]] of [[tsûnamy]]. Fierders binne der saneamde [[antropogene ramp]]en (ek wol bekend ûnder de [[Ingelsk]]e oantsjutting ''man-made disasters''), dy't ûntsteane as gefolch fan minsklike oanwêzigens of minsklik [[hâlden en dragen]]. Dan moat men tinke oan in [[epidemy]], [[fleanramp]], [[humanitêre ramp]] (lykas [[oarloch]], [[hongersneed]] of [[genoside]]), [[kearnramp]], [[miljeuramp]], [[skipsramp]] of [[treinramp]]. Ta einbeslút is der noch de [[kultuerramp]]. Dat is in ramp wêrby'tde kontinuïteit fan in [[kultuer]] slim oantaast wurdt, of wêrby't in protte en/of wichtige aspekten fan in [[beskaving]] ferlern geane. Men moat dan tinke oan dingen as de [[ferneatiging fan de Boeda's fan Bamyan]] troch [[Taliban]] yn [[Afganistan]] yn [[2001]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=