Cornelis Adriaan Lobry van Troostenburg de Bruyn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 5:
Hy wie de soan fan Nicolaas Lobry van Troostenburg de Bruijn, arts, en Maria Agneta IJsabella Bergsma. Hy troude [[21 july]] [[1887]] mei Maria Elisabeth Adriana Simon Thomas. Ut it houlik waarden twa soannen en twa dochters berne.
 
Lobry van Troostenburg de Bruyn waard grutbrocht yn it hûs fan syn pake en beppe Bergsma op de [[Friesmastate]] yn [[Idaard]] en gie dêr nei de doarpsskoalle. Yn Ljouwert gie er nei de legere skoalle en fan [[1869]] oant [[1874]] nei de [[Hegere Boargerskoalle|HBS]]. Sûnt 1875 studearre Lobry de Bruyn [[gemy]] en promovearre op it proefskrift ''Verhouding der drie dinitrobenzolen tegenover cyaankalium in alcoholische oplossingen''. Dêrnei studearre er op de laboratoriumslaboratoariums fan C.A. Wurtz en C. Priedel yn [[Parys]]. Nei in jier assistintskip waard er [[1885]] skiekundige fan de Nederlânske [[Keninklike Marine]] yn [[De Helder]]. It gie dêrby fral om de keuring fan sjitkatoen foar de torpedotsjinst. Lobry de Bruyn die lykwols ek in soad ûndersikings op organysk en analytysk mêd. Dat late ta it meitsjen fan de kristalline hydroksylamine ([[1891]]) en it wetterfrije [[hydrazine]] (1894). Hy ferbettere ek it meitsjen fan [[knalkwik]] en dat late úteinlik ta de ûntdekking fan de saneamde osaminen.
 
Yn 1896 waard hy beneamd as heechlearaar yn de organyske en de farmaseutyske [[gemy]] oan de [[Universiteit fan Amsterdam]]. Mei W. Albarda van Ekenstein krige er it chitosamine as kristalinekristalline ferbining en koe fêststelle dat de ferskillende sûkers har yn elkoar omsetten. Hy wurke ek oan de skiekunde fan de [[kolloïde]]n, hie belangstelling foar technyske fraachstikken (lykas in ûndersyk fan it ûntflammingspunt fan [[piteroalje]], 1896) en wie adviseur wis-, natuer- en skiekundige saken oan it departemint fan Finânsjes.
 
Om syn wittenskiplike fertsjinsten waard er beneamd ta lid fan de [[Keninklike Akademy fan Wittenskippen]] yn Amsterdam (1897).