An Ancient Peace: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 38:
Op 'e nekropolisplaneet oankommen moatte Torin en har team net inkeld automatisearre [[satellyt|befeiligingssatelliten]] yn in [[baan (romtefeart)|baan]] om 'e planeet hinne ûntwike, mar, as se ienris de nekropolis binnenkrongen binne, ek mûklagen dy't de H'san dêr ynboud hawwe, en dy't ûnder de grêfrôvers al ferskate deadlike slachtoffers makke hawwe. As se úteinlik djip yn 'e nekropolis trochkringe, docht boppedat bliken dat de âlde H'san net tebekskrillen foar it [[dea|nekro]][[neurology]]sk animearjen fan harren eigen deaden, en moatte Torin-en-dy it ek noch opnimme tsjin "H'san-[[somby]]s".
 
Tsjin 'e tiid dat Torin mei har team en de oerlibjende (en no [[arrestarrestaasje|arrestearre]]earre) grêfrôvers de planeet wer ferlit, is der sa'n skea oan 'e nekropolis oanrjochte, dat dy net mear te ferbergjen is. Mar wichtiger as dat is foar Torin it omtinken dat as men as [[folwoeksene]] behannele wurde wol, men jin ek as folwoeksene gedrage moat. Dêrom beslút se de hiele kwestje iepenbier te meitsjen en har finzenen oer te dragen oan it Ministearje fan Justysje. Dêr is men ''not amused'' oer it hiele spul, mar der wurdt tajûn dat Torin it bêst mooglike fan in minne saak makke hat. (It helpt dat de H'san ferrassende begrypfol binne.) De konklúzje fan Justysje is dat Torin en har team mar better offisjeel 'warders' (de [[plysje]] fan 'e Konfederaasje) wurde kinne, net yn it lêste plak om't se dan better yn 'e rekken holden wurde kinne om't se dúdlik net los fertroud binne.
 
{{boarnen|boarnefernijing=