Christopher Marlowe: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
 
Rigel 11:
 
== Styl en ynfloeden ==
Al yn syn studintetiid skreau er '[[Tamburlaine]]'. Doe al foel syn styl fan skriuwen yn [[blank fers|blanke ferzen]] op. It blanke fers bestie al, mar Marlowe makke it folle krêftiger. Hy befrijde it fan it [[coupletkûplet]] dat rymje moast en liet syn personaazjes floeiende ritmyske rigels fertolkje yn [[pentameter|jambyske pentameters]]:
::''("Stand still, you ever-moving spheres of heaven,/that time may cease and midnight never come./Fair nature's eye, rise, rise again, and make/perpetual day.").<br>
Tiidgenoat en kollega [[Ben Jonson]] priizge him om dy ''"mighty line"'' dêr't er de Ingelske poëzy mei ferrike hie.
 
In soad skriuwers nei him, ek [[Shakespeare]], folgen him nei wat dat oanbelanget. It frijwat [[Antisemitisme|antysemityske]] ''The Jew of Malta'' behannelet min ofte mear itselde tema as Shakespeare syn ''[[The Merchant of Venice]]''.
Marlowe is ek ferneamd as skriuwer fan it earste histoaryske stik yn de [[Ingelske literatuer]]: ''Edward II''. 'The tragical history of dr. Faustus' wie de earste toanielferzje fan it [[Faust (leginde)|Faust]]-ferhaal.