Leafdesfertriet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 1:
[[File:Steen,_Jan_Havickszoon_-_Love_Sickness_-_c._1660.jpg|right|thumb|170px|It [[skilderij]] ''Leafdesfertriet'', fan [[Jan Steen]].]]
'''Leafdesfertriet''' is in ynformele term foar de negative [[gefoelen]]s dy't feroarsake wurde troch ôfwizing, [[ûnbeäntwurde leafde]] of de ôfwêzichheid of ûnberikberheid fan immen [[leafde|fan wa't men hâldt]]. Soks kin him sawol troch [[minsklik lichem|lichaamlik]]e as troch [[geast]]like ferskynsels manifestearje, en is yn dy sin in [[oandwaning]] mei [[symptoom|symptomen]] as fan in [[sykte]]. It is net itselde as [[ferealens]], dat guon fan deselde symptomen opropt, mar net de konnotaasje mei ôfwizing of ûnberikberheid hat. Nau besibbe oan leafdesfertriet is wol [[skiedingsrou]], it gefoel dat men (faak) belibbet as in [[houlik]] yn in [[skieding (houlik)|skieding]] einiget. Leafdesfertriet is in [[tema (literatuer)|tema]] dat gauris fan stâl helle wurdt yn 'e [[literatuer]], [[film]]s, [[tillefyzjeprogramma|tillefyzje]] en [[toaniel]].
 
Leafdesfertriet uteret him yn geastlike en soms sels lichaamlike [[pine]], dy't sterk tinken docht oan in [[klinyske depresje]]. Men fielt jin lamliddich en [[minderweardichheidskompleks|minderweardich]], en hat lêst fan [[pineholle]], [[wurgens]], [[sliepeleazens]], in ûnfermogen ta [[konsintraasje]], gjin [[ytlust|sin oan iten]] hawwe, [[mislikheid]] en it takennen fan in [[byleauwe|byleauwige]] wearde oan beskate [[foarwerp]]en en/of hannelingen. De doer fan leafdesfertriet rint sterk útinoar, fan in pear [[dagen]] oant lingte fan [[jier]]ren. Om leafdesfertriet tsjin te gean is it goed om utering te jaan oan jins gefoel fan [[fertriet]], mar tagelyk moat men ek in fêst [[deiritme]] oanhâlde mei [[wurk]] of oare beuzichheden. Om jin mei oare dingen dwaande te hâlden, jout ôflieding en bedimmet it fertriet wat.