Ofsier fan justysje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 9:
 
==Foech==
Sawol de [[plysje]] as de ofsier fan justysje kinne [[twangmiddel]]s tapasse. Foarbylden fan twangmiddels binne it [[steande hâlden (twangmiddel)|steande hâlden]], [[oanhâlden (twangmiddel)|oanhâlden]] ([[arrestarrestaasje|arrestearjen]]earjen), [[fûllearjen]] en fêsthâlden op it [[plysjeburo]] fan in fertochte. De ofsier fan justysje beslút oft hy of sy in saak oan 'e [[rjochter]] foarlizze wol of net; dat hjit it [[opportuniteitsbegjinsel]]. Dat hinget der ornaris fan ôf oft in ofsier fan justysje tinkt dat der genôch bewiismateriaal foarhâns is om 'e saak te winnen of net. As de ofsier fan justysje beslist om net oer te gean ta [[strafferfolging]], kin immen dy't in streekrjocht belang by de saak hat, lykas it [[slachtoffer]], in gerjochtlike proseduere (de saneamde [[artikel 12-proseduere]]) oanspanne om dochs strafferfolging ôf te twingen.
 
Nei't de ofsier fan justysje de strafeask útsprutsen hat en de rjochtsaak syn berin hân hat, kin de [[rjochter]] de stafeask fan 'e ofsier fan justysje folgje, mar hy of sy kin der ek fan ôfwike en in lichtere of in swierdere straf oplizze. Nei ôfrin fan 'e rjochtsaak is de ofsier fan justysje dejinge dy't derop tasjen moat dat it [[fûnis]] fan 'e rjochter útfierd wurdt. Sa stjoert hy of sy bygelyks de plysje derefteroan as lju dy't ta in [[finzenisstraf]] feroardiele binne, har net frijwillich melde om har straf út te sitten.