God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 32:
 
Yn [[heidendom|heidenske tradysjes]] en [[natoerreligyen]] wurdt kommunikaasje fan goaden nei minsken yn 'e regel sjoen as eat dat direkt en ûnderfiningsrjochte is: it boadskip wurdt streekrjocht trochjûn oan dejinge foar wa't it bedoeld is. Konsepten as 'profeet' en 'iepenbiering' binne yn dy godstsjinsten ûnbekend, alteast yn 'e betsjutting dy't de abrahamityske religyen dêroan jouwe. Wol is it soms mooglik om aktyf om in boadskip fan 'e goaden te freegjen, troch [[ritueel|rituelen]] dy't laat wurde troch [[sjamanen]] of [[medisynman|medisynlju]]. Yn it [[moderne heidendom]] komt yn 'e [[wicca]] in iepenbieringsritueel foar dat ''[[drawing down the moon]]'' ("it omleechlûken fan 'e moanne") neamd wurdt. Dêrby ropt in [[hegepreester]]esse (of soms in [[hegepreester]]) de [[Trijefâld Goadinne]] oan en jout dan, nei't men leaut, godlik [[ynspirearre]] wurden troch oan 'e leauwensmienskip.
 
====Epifany====
In oarsoartige foarm fan kommunikaasje tusken goaden en minsken dy't yn heidenske en oare polyteïstyske religyen foarkomt, is de [[epifany]]. Dat is de [[sintúch]]like ferskining fan in god of goaden oan ien of mear minsken. Yn 'e ''[[Ilias]]'', it [[Aldgryksk]]e [[epos]] skreaun troch [[Homearus]], ferskine de goaden fan it [[Grykske heidendom]] oates en toates oan sawol de [[Griken]] as de [[Trojanen]], en tilt it sadwaande op fan 'e epifanyen. Tsjin 'e ein fan it wurk wurdt de Trojaanske [[kening]] [[Priamus]] nei de Grykske [[skip]]pen brocht troch in [[skientme|kreaze]] [[man (sekse)|jongfeint]] dy't himsels op 't lêst bekendmakket as de god [[Hermes]]. Ek yn 'e earste boeken fan 'e [[joadendom|joadsk]]-[[kristlik]]e [[Bibel]] komt men soks geregeldwei tsjin. Sa besiket [[God (monoteïsme)|God]] yn ''[[Genesis (bibelboek)|Genesis]]'' 18 bygelyks persoanlik de [[aartsfaar]] [[Abraham (aartsfaar)|Abraham]] om 'e ferwoastging fan [[Sodom en Gomorra]] oan te sizzen. Yn ''Genesis'' 32:23-33 wrakselet Abraham syn [[pakesizzer]] [[Jakob (aartsfaar)|Jakob]] [[nacht]]s by [[Pniël]] mei God yn it [[oerflaktewetter|wetter]] fan 'e [[rivier]] de [[Jabbok]]. En yn ''[[Exodus (bibelboek)|Exodus]]'' 3 ferskynt God oan 'e [[profeet]] [[Moazes]] yn 'e foarm fan in [[toarnbosk]] dy't yn 'e [[brân]] stiet mar dochs net ferbaarnt.
[[File:Kali_sculpture_from_Calcutta_Art_gallery_1913_(2).jpg|left|thumb|180px|De skriklike [[hindoeïsme|hindoegoadinne]] [[Kali (goadinne)|Kali]], mei in [[halskeatling]] fan [[minsklik]]e [[skedel]]s om.]]
 
Yn lettere [[monoteïstysk]]e [[godstsjinst]]en wie [[God (monoteïsme)|God]] fierstente [[hilligens|hillich]] om yn eigen persoan nei de [[ierde]] del te kommen om mei minsken om te gean. Ynstee stjoert er dan syn [[ingel]]s om dat foar him te dwaan. Yn 'e Bibel kin men dy ûntwikkeling goed folgje: by Abraham komt God by wize fan sprekken noch gewoan op 'e kofje, mar mei Moazes kommunisearret er yn 'e foarm fan in boppenatuerlik ferskynsel, dat boppedat sa hillich is dat Moazes oardere wurdt de [[skuon]] út te dwaan (''Exodus'' 3:5). Yn it [[Nije Testamint]] ferskynt yn ''[[Evangeelje fan Lukas|Lukas]]'' 1 lykwols de [[aartsingel]] [[Gabriël (aartsingel)|Gabriël]] oan sawol [[Sacharías]], de [[heit]] fan [[Jehannes de Doper]], as oan 'e [[Faam Marije]], beide kearen om 'e [[berte]] fan in soan oan te sizzen. Hoewol't epifanyen yn dy tiid yn it [[joadendom]] ûntinkber wurden wiene, gou dat net foar it [[Grykske heidendom]]. Dat ferklearret de betizing dy't yn ''[[Hannelingen fan 'e Apostels]]'' 14:11-18 ûntstiet as de [[kristlik]]e [[apostel]]s [[Paulus (apostel)|Paulus]] en [[Barnabas (apostel)|Barnabas]] yn 'e [[stêd]] [[Lystra]], yn [[Lyts-Aazje]], nei it dwaan fan [[wûnder]]tekens troch de pleatslike [[befolking]] foar de goaden [[Seus]] en [[Hermes]] oansjoen wurde.
 
==Gjin bewiis==
It bestean fan goaden is wat, dêr't men yn [[leauwe]] moat, mei't it net [[wittenskiplik]] ([[empiry]]sk) bewiisd wurde kin. De [[logika]] leart dat as bewiisd wurde kin dat der gjin god bestiet, dat ek betsjut dat net bewiisd wurde kin dat der àl in god bestiet. Mar it leart ek dat soks oarsom net jildt: as net bewiisd wurde kin dat der in god bestiet, betsjut dat net dat dêrmei ek bewiisd is dat der gjin god bestiet.
[[File:NASA-HS201427a-HubbleUltraDeepField2014-20140603.jpg|right|thumb|230px|Oanhingers fan it [[panteïsme]] leauwe dat it [[hielal]] sels mei alles deryn ien grutte alomfiemjende godheid foarmet.]]