God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 61:
==Goaden yn 'e prehistoarje==
Oer de [[oarsprong fan religy]] is net folle mei wissichheid te sizzen, om't dy oarsprong yn 'e [[prehistoarje]] leit en der dus gjin [[skrift]]like boarnen fan oerlevere binne. [[Argeologyske opgraving]]s lykje út te wizen dat de [[minsken]] altyd al in oanstriid ta [[religy|religiositeit]] hân hat. Undersikers liede it wierskynlike bestean fan godheden yn 'e prehistoarje ôf út prehistoaryske [[keunst]], lykas [[grotskildering]]s, mar it is ûndúdlik hokfoar godheden krekt op dy wize ôfbylde binne en wêr't dy foar stiene.
[[File:VenusWillendorf.jpg|left|thumb|200px220px|De [[Fenus fan Willendorf]], in [[prehistoarysk]] [[byld (keunstwurk)|byldsje]] dat oer it algemien ynterpretearre wurdt as in represintaasje fan 'e [[Memmegoadinne]].]]
 
Yn [[1912]] brocht de [[Dútslân|Dútske]] [[pater]] [[Wilhelm Schmidt]] yn syn [[boek]] ''Der Ursprung der Gottesidee'' ("De Oarsprong fan it Godsidee") foar it earst de [[teory]] op 't aljemint dat de iere minskheid in primityf [[monoteïsme]] belide, troch ien inkele god te [[bidden|oanbidden]] dy't as de [[skepper-god|skepper]] en hear fan alle dingen beskôge waard. Dy saneamde [[Himelgod]] wenne net yn [[timpel]]s en hie gjin [[preester]]stân dy't him tsjinne, om't er sa heech en machtich wie dat in minsklike [[kultus]] foar him fierstente ûntarikkend wêze soe. Mar krekt dêrtroch kaam er sa fier fan it libben fan 'e minsken ôf te stean, dat er stadichoan út harren belibbingswrâld ferdwûn.
 
Moderne godstsjinstûndersikers pleatse kanttekenings by de teory fan Schmidt, mar derfan útgeande dat er gelyk hie, soe syn Himelgod skoan ferkrongen wêze kinne troch de [[Memmegoadinne]], dy't yn it [[Paleolitikum]], fan likernôch [[prehistoarje|30.000 f.Kr.]] ôf, wierskynlik rûnom [[ferearing|fereare]] waard. De Memmegoadinne, dy't foarsteld waard as in [[neaken]]e, wielderige [[frou]] dy't [[swierwêzen|swier wie]], foarme de ferpersoanliking fan 'e [[fruchtberens]] dêr't hiel it [[libben]] fan ôfhong. Bylden fan sa'n figuer binne fûn yn hiel [[Jeropa]], it [[Heine Easten]] en it [[Yndysk subkontinint]], en der binne oanwizings dat se ek bûten dat gebiet bekend wie.
[[File:Museum_of_Anatolian_Civilizations_1320259_nevit.jpg|right|thumb|180px|In [[stânbyld|byldsje]] fan in [[neaken]]e, wielderige [[frou]], opdobbe yn [[Çatalhöyük]] yn [[Anatoalje]], datearjend út [[6000 f.Kr.]] De measte [[argeologen]] binne fan tinken dat it in goadinne foarstelle moat, wierskynlik de [[Memmegoadinne]].]]
 
Foarhinne wie it foar [[argeologen]] wizânsje om frijwol elts froulik byldsje út 'e prehistoarje te ynterpretearjen as in represintaasje fan in inkele foarâlderlike goadinne, dêr't sokke [[histoarysk]] oerlevere goadinnen as [[Inanna]], [[Isjtar]], [[Astarte]], [[Sybêle]] en [[Afrodite]] út fuortkommen wêze soene. Dy oanpak is no fierhinne yn diskredyt rekke, mei't moderne argeologen oer it algemien beseffe dat it ûnmooglik is om lykfol hokker prehistoarysk byldsje mei wissichheid te identifisearjen as in represintaasje fan hokfoar godheid dan ek.
 
Dat sein hawwende is it mooglik om sokke byldsjes per gefal te beoardieljen en dêrby fêst te stellen hoe wierskynlik it is dat it om in represintaasje fan in godheid giet. Sa wurdt de [[Fenus fan Willendorf]], in ferneamd byldsje fan in wielderige frou dat yn [[1908]] te [[Willendorf in der Wachau]], yn [[Eastenryk]], fûn is en datearret fan omtrint [[prehistoarje|25.000 f.Kr.]], noch altyd frij algemien as in ôfbylding fan 'e Memmegoadinne beskôge. Oare soksoarte wierskynlike godsbyldsjes binne opdobbe by [[Jericho]] yn it [[Westjordaanlân]], by [[Çatalhöyük]] yn [[Turkije]] en by [[Harappa]] en [[Mohenjo-Daro]] yn wat no [[Pakistan]] is.