God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 71:
 
Dat sein hawwende is it mooglik om sokke byldsjes per gefal te beoardieljen en dêrby fêst te stellen hoe wierskynlik it is dat it om in represintaasje fan in godheid giet. Sa wurdt de [[Fenus fan Willendorf]], in ferneamd byldsje fan in wielderige frou dat yn [[1908]] te [[Willendorf in der Wachau]], yn [[Eastenryk]], fûn is en datearret fan omtrint [[prehistoarje|25.000 f.Kr.]], noch altyd frij algemien as in ôfbylding fan 'e Memmegoadinne beskôge. Oare soksoarte wierskynlike godsbyldsjes binne opdobbe by [[Jericho]] yn it [[Westjordaanlân]], by [[Çatalhöyük]] yn [[Turkije]] en by [[Harappa]] en [[Mohenjo-Daro]] yn wat no [[Pakistan]] is.
 
Hoelang't de Memmegoadinne de wichtichste godheid wie, is net dúdlik, mar it is yn alle gefallen wierskynlik dat it om [[milennia]] gie. Yn it [[Mesolitikum]] gie hja op yn 'e [[polyteïstysk]]e [[panteön]]s, krekt sa't dat ek mei de Himelgod barde. Lykwols bleau de Memmegoadinne ornaris ien fan 'e machtichste godheden en grif machtiger as de Himelgod, dy't in dizenich figuer op 'e eftergrûn wurden wie. Sadwaande waard se net fergetten en koe har kultus tydlik wer oplibje doe't yn it [[Neolitikum]], om [[8000 f.Kr.]] hinne, de [[lânbou]] útfûn waard, dêr't fruchtberens fansels in krúsjale rol by spile. Mei de útfining fan 'e lânbou kaam de assosjaasje fan 'e Memmegoadinne mei [[planten]] sintraal te stean, yn it [[Middellânske See]]gebiet mei [[nôt]] en yn [[Súd-Aazje]] mei [[knolgewaaks]]en.
 
De [[Litouwen|Litousk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] argeologe [[Marija Gimbutas]] is fan miening dat de Memmegoadinne it sintrum fan in [[matriargaal|matriargale]] [[kultuer]] wie, dy't yn [[Jeropa]] en it [[Midden-Easten]] fuortbestien hawwe soe oant it begjin fan 'e [[Kopertiid]] (it Galkolitikum) om [[4000 f.Kr.]] hinne. Dy opfetting is bepaald net omûnstriden. Yn elts gefal gie de Memmegoadinne op in stuit, earne tusken [[5000 f.Kr.]] en it begjin fan 'e [[skrift]]like oerlevering om [[3000 f.Kr.]] hinne, fannijs op yn 'e polyteïstyske panteöns fan 'e [[folk]]en dy't har ferearen.
[[File:Musée_africain_Lyon_130909_01.jpg|left|thumb|180px|In byld fan in [[Jorûba (folk)|Jorûba]]-''[[òrìṣà]]'' út [[Nigearia]].]]
 
==Goaden yn polyteïstyske religyen==
===Afrikaanske natoerreligyen===
De ûnderskate [[folk]]en yn [[Afrika]] besuden de [[Sahara]] dy't [[natoerreligyen]] oanhingje, ûntwikkelen geandewei har [[skiednis]] allegear harren eigen, mar faak wol besibbe [[teology]]en en [[panteön]]s. In útsûndering wurdt foarme troch de [[Mbûty]]-[[pygmee]]ën út 'e [[Demokratyske Republyk Kongo]], dy't hielendal gjin aparte goaden kenne. Wat oare religyen 'goaden' neame, is foar harren de [[natoer]], de [[wyldernis]] dêr't se yn en fan libje.
 
Yn it leauwe fan 'e [[Jorûba (folk)|Jorûba]] fan súdwestlik [[Nigearia]] en súdlik [[Benyn]] komme twa promininte godheden foar: de god [[Ogun]] en de goadinne [[Osun]]. Ogun is de foarâlderlike manlike godheid en teffens de [[beskermgeast|beskermgod]] fan [[berop]]pen lykas [[smid]]den, [[jacht (aktiviteit)|jagers]] en [[kriger]]s. Hy giet ek oer [[rjocht|gerjochtichheid]] en [[rjochtfeardichheid]]. Osun is in like sterke foarâlderlike froulike godheid en in multydiminsjonale beskermgoadinne fan [[fruchtberens]], [[wetter]], de [[memmesteat]], [[sûnens]], [[leafde]] en [[frede]]. It leauwen yn Ogun en Osun waard troch Afrikaanske [[negroïde|neger]][[slaven]] nei de [[Amearika's]] brocht, dêr't harren ferearing yn [[plantaazje]]mienskippen beholden waard yn in steat fan ferminging mei ferearing fan [[kristlik]]e [[hillige]]n.
[[File:AhPuch.jpg|right|thumb|180px|De [[Maya's|Maya]]-god [[Ah Puch]] ôfbylde yn 'e [[Dresden Kodeks]].]]