God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 83:
Yn it leauwe fan 'e [[Jorûba (folk)|Jorûba]] fan súdwestlik [[Nigearia]] en súdlik [[Benyn]] komme twa promininte godheden foar: de god [[Ogun]] en de goadinne [[Osun]]. Ogun is de foarâlderlike manlike godheid en teffens de [[beskermgeast|beskermgod]] fan [[berop]]pen lykas [[smid]]den, [[jacht (aktiviteit)|jagers]] en [[kriger]]s. Hy giet ek oer [[rjocht|gerjochtichheid]] en [[rjochtfeardichheid]]. Osun is in like sterke foarâlderlike froulike godheid en in multydiminsjonale beskermgoadinne fan [[fruchtberens]], [[wetter]], de [[memmesteat]], [[sûnens]], [[leafde]] en [[frede]]. It leauwen yn Ogun en Osun waard troch Afrikaanske [[negroïde|neger]][[slaven]] nei de [[Amearika's]] brocht, dêr't harren ferearing yn [[plantaazje]]mienskippen beholden waard yn in steat fan ferminging mei ferearing fan [[kristlik]]e [[hillige]]n.
[[File:AhPuch.jpg|right|thumb|180px|De [[Maya's|Maya]]-god [[Ah Puch]] ôfbylde yn 'e [[Dresden Kodeks]].]]
 
Yn kultueren út [[Súdlik Afrika]] komt in soartgelikense manlik-froulike godheidkombinaasje foar yn 'e foarm fan 'e goaden fan 'e [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]] en de [[sinne]]. De [[kosmology]] fan beskate [[Koisan-talen|Koisan-folken]] bestiet bgl. út de ''hieseba'' of ''xuba'' (goaden), ''gaune'' ([[demoanen]]) en ''khuene'' ([[minske]]n). Ta de ''hieseba'' hearre [[Nladiba]], in foarm fan 'e Himelgod, en de ''[[Nladisara]]'', de beide [[oarehelte|froulju]] fan Nladiba. De (froulike) sinne en de (manlike) moanne wurde beskôge as de [[bern (persoan)|bern]] fan Nladiba en de ''Nladisara'', mar ek as manifestaasjes fan Nladiba, dy't yn syn plak fereare wurde. Yn guon oare Afrikaanske kultueren wurdt de sinne sjoen as manlik en de moanne as froulik, wylst se beide [[symboal]]en binne fan godlikens. By de [[Sjona (folk)|Sjona]] fan [[Simbabwe]] wie foarhinne de oppergod [[Mwari Shona]] [[androgyny|androgyn]], mei sawol manlike as froulike aspekten. Dy godheid waard sjoen as de bringer fan 'e libbenjaande [[rein (delslach)|rein]], en as god fan sawol [[ljocht]] as [[tsjuster]].
 
De [[Jorûba (folk)|Jorûba]] leauwe fierders dat se [[ôfstamming|ôfstamje]] fan 'e god [[Odua]], dy't neffens harren [[myte]]n harren earste [[kening]] wie. Oare wichtige goaden út it tige grutte [[panteön]] fan 'e [[Jorûba-religy]] binne de grutte [[memmegoadinne]] [[Onile]], de [[skepper-god]] [[Olodumare]], de [[ierde|ierdgoadinne]] [[Onkoro]], de [[tonger]]god [[Shango]] en [[Orunmila]], de god fan [[kennis]] en [[wiisheid]]. Ek oare kultueren yn [[West-Afrika]] hawwe in tige grut tal goaden. De [[Ewé (folk)|Ewé]] fan súdlik [[Benyn]], [[Togo]] en [[Gana]] hawwe bygelyks mear as seishûndert godheden, wêrûnder ien dy't de [[pokken]] belichemet.
[[File:Wall relief depicting the God Ashur (Assur) from Nimrud..JPG|left|thumb|250px|In [[reliëf (byldhouwurk)|reliëf]] fan 'e [[Assyrje|Assyryske]] nasjonale god [[Asjoer (god)|Asjoer]] yn in [[wjukt]]e hybride foarm.]]
 
Sokke grutte oantallen goaden wurde yn 'e regel wol oardere yn in panteön mei ien god oan it haad, as in soarte fan 'kening fan 'e goaden'. Sa leauwe de [[Oromo (folk)|Oromo]] fan súdlik [[Etioopje]] en noardlik [[Kenia]] yn in almachtige himelske godheid dy't se [[Wak]] neame, waans [[each]] de [[sinne]] is. De [[Swazy (folk)|Swazy]], fan [[Swazylân]] en oangrinzgjende regio's fan [[Súd-Afrika]] en [[Mozambyk]], leauwe yn 'e heechste god [[Mkhulumnchanti]]. De heechste god fan 'e [[Kosa (folk)|Kosa]] fan [[Súd-Afrika]] stiet bekend ûnder ferskillende nammen: uDali, Tixo en Qwamata. Om't hy ek foarkaam by de [[San (folk)|San]], is it lykwols mooglik dat de Kosa him fan harren oernommen hawwe. De [[Hûtû]] en [[Tûtsy]] fan [[Rûanda]] en [[Boerûndy]] stiene opmerklike iepen foar it [[kristendom]] dat de [[sindeling]]en harren oan it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] brochten, benammen om't se in sterke oerienkomst seagen tusken de [[God (monoteïsme)|God]] en de [[ingel]]s en [[hillige]]n fan it nije leauwe en de heechste god [[Imaana]] en de legere godheden yn harren lânseigen religy. Nettsjinsteande dat (of mooglik dêrom) hinget in grut part fan harren noch altyd har âlde natoerreligy oan.