God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
No, it wurdt my te let en ik krij dit hjoed dochs net ôf, dat: morgen weiter.
Rigel 123:
 
De ierste skreaune boarnen oer godheden yn it Alde Egypte komme út it begjin fan it [[trêde milennium f.Kr.]] en wiene nei alle gedachten in fuortsetting fan ideeën datoangeande út 'e [[prehistoarje]]. It leauwen yn 'e ûnderskate goaden waard lykwols systematisearre en ferfine nei't de Egyptyske steat ta stân kommen wie ûnder it [[regear]] fan 'e [[farao's]], dy't harsels yn 'e twadde helte fan it trêde milennium f.Kr. as [[hilligens|hillige]] [[kening]]en it [[monopoalje]] op ynteraksje mei de goaden taeigenen. Folle letter, yn 'e [[Klassike Aldheid]], doe't de Egyptners yngeand [[hannel]] dreaune mei oare lannen en yn Egypte mei de [[Ptolemeeën]] in útlânske [[dynasty]] oan 'e macht kaam, waarden bûtenlânske goaden yn Egypte yntrodusearre en sûnder folle swierrichheden opnommen yn it besteande panteön.
 
In aparte ûnderbrekking fan it [[polyteïstysk]]e [[Egyptyske heidendom]] wie de saneamde [[Amarna-tiid]]. Dêrby helle [[Amenhotep IV]], in farao út 'e [[Achttjinde Dynasty fan Egypte|Achttjinde Dynasty]] dy't regearre fan [[1364 f.Kr.|1364]] oant [[1347 f.Kr.]], ien god út it [[Egyptyske mytology|Egyptyske panteön]] en foarme dêr in [[monoteïstysk]]e kultus om hinne. Dy god wie [[Aton (god)|Aton]], de ferpersoanliking fan 'e [[sinne]]skiif, en oant it begjin fan 'e Achttjinde Dynasty net in godheid op himsels, mar in aspekt fan 'e sinnegod [[Amon-Ra]]. Amenhotep (dat betsjut "Amon is tefreden") feroare syn namme yn [[Achnaton]] ("Dy't Aton behaget") en ferhuze de haadstêd fan it ryk fan [[Tebe (Egypte)|Tebe]] nei it nij boude [[Achetaton]] ("Ljochtlân fan Aton"), de hjoeddeiske ruïnestêd [[Tell el-Amarna]].
[[File:Baal_thunderbolt_Louvre_AO15775.jpg|left|thumb|150px|In [[stêle]] mei in ôfbyl-ding fan 'e [[Kanaänityske heidendom|Kanaänityske]] god [[Baäl-Hadad]], tarist mei in [[wjerljocht]]slach.]]
 
It is net alhiel dúdlik oft de [[atenisme|Aton-kultus]] wol echt monoteïstysk wie. Wat de farao Achnaton sels oangie, wie dat wierskynlik wol sa. Foar de [[maatskiplik]]e [[hegerein]] om 'e farao hinne sil it lykwols mear yn 'e rjochting fan in [[monolatry]]sk [[polyteïsme]] gien wêze, en foar it sljochtwei folk wie it nei alle gedachten in [[henoteïsme|henoteïstysk]] polyteïsme. Hoe dan ek, nei Achnaton syn dea waarden syn herfoarmings troch syn opfolgers, [[Smenchare]] en de bekende [[Tûtanchamon]] (berne as Tûtanchaton), rigoereus weromdraaid en fan 'e ein fan 'e Achttjinde Dynasty ôf waard Achnaton as in [[ketter]] beskôge; syn namme waard fuortskrast út ynskripsjes en op offisjele keningslisten kaam er net mear foar.