Swaantsje Monderman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
ts
Rigel 1:
'''Swaantsje Monderman''', alias '''Swaantsje Duursma''' ([[Weinterp]], [[29 desimber]] [[1928]] - [[Burgum]], [[13 desimber]] [[2007]]), wie in Frysk [[dichter]]esse. Hja waard bekend foar it ferstjerren fan har earste man Haitze Duursma doe't hja noch Swaantsje Duursma-Monderman hiet. Letter boaske hja oan Harm Zeinstra. Swaantsje Duursma is lykwols har skriuwersnamme bleaun.
 
Swaantsje skreau fan jongsôf ferzen en gelegenheidswurk at it har frege waard. Yn 1983 stie der in fraachpetear fan [[Froukje Annema]] mei Swaantsje Duursma-Monderman yn [[Frysk &en Frij (tydskrift)|Frysk en Frij]] en doe rekke hja earst wat mear bekend. Op oanstean fan Annema sammele se materiaal foar in bondel, dat waard ''Foar dei en foar dage''. Swaantsje Duursma har wurk is tige tagonklik, hja brûkt ienfâldige taal. Har ynspiraasje fûn se yn de natoer en yn har [[Kristendom|kristlik]] leauwe.
Hja publisearre fersen yn 'e [[Friesche Koerier]] (al yn de jierren 1950), De [[Friesche Kerkbode]], [[Fryske Skriuwerskalinder]], [[Frysk en Frij (tydskrift)|Frysk en Frij]] en de [[Ljouwerter Krante]] en der binne ferskate dichtbondels fan har publisearre.