Mees Toxopeus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 8:
Yn [[1917]] waard er skipper op rêdingsboat ''C.A. den Tex'' (- 1922) en letter op de ''Hilda'' (1922-1926) dy't doe beide op [[Rottumereach]] stasjonere wienen (letter giene se respektyflik nei Harns/Hylpen en De Lemmer). Untwurp it begjinsel fan de selsrjochtsjende rêdingsboat ''[[Insulinde]]'' <ref> Mees Toxopeus skreau yn desimber 1921 oan de NZHRM: ''"de laatste tijd veel nagedacht te hebben over een nieuw soort reddingboot. Het zou een zelfrichtende boot moeten zijn, van ketelvormig model en in een gevaarlijke zee ook benedendeks te besturen, een soort onderzeeboot boven water."''</ref>, dy't yn 1927 op de [[De Skâns (Dongeradiel)|De Skâns]] stasjonearre waard. Toxopeus wie skipper op de Insulinde fan 1927 oant [[1950]]. Dat jier joech hy it roer oer oan syn jongere broer [[Klaas Toxopeus|Klaas]] dy't al stjoerman op de Insulinde wie. Mees syn soan [[Jannes Toxopeus]] (1908-1995), waard ek skipper by de rêdingmaatschappij. Op syn namme steane 200 reizen en 251 rêde drinklingen yn it eastlik [[Waadsee]]gebiet.
 
Toxopeus ûntfong de earemedalje yn sulver fan de [[Oarder fan Oranje-Nassau]] en tal fan oare, ek ynternasjonale, ûnderskiedings. Guon dêrfan krige er foar syn fersetswurk yn de [[Twadde Wrâldoarloch]]. Hy waard yn 1951 [[eareboarger]] fan Nije Pekela. Syn lêste libbensjierren wenne hy op [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]].
 
== Neitins ==