God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 159:
 
Ferskate Grykske godheden wiene nei alle gedachten oerlevere út 'e Proto-Yndo-Jeropeeske religy, mei't beskate goaden en goadinnen út 'e religyen fan Yndo-Jeropeeske folken dy't [[geografy]]sk sjoen fier by de Griken wei libben, dúdlik fierhinne itselde wiene. [[Eos]], de Grykske goadinne fan 'e [[moarnsdage]], bygelyks, is deselde as de [[Yndo-Aryske talen|Yndyske]] [[Oesjas]], de [[Romeinen|Romeinske]] [[Auroara (goadinne)|Auroara]] en de [[Letlân|Letske]] [[Auseklis]]. [[Seus]], de kening fan 'e goaden yn it Grykske panteön, is deselde as de Romeinske [[Jupiter (god)|Jupiter]], de [[Germanen|Germaanske]] [[Týr|Týr of Ziu]] en de Yndyske [[Dyaus Pita]]. Oare Grykske goaden, lykas de leafdesgoadinne [[Afrodite]], hiene gjin Yndo-Jeropeeske oarsprong, mar wiene troch de Griken oernommen troch buorfolken út [[Anatoalje]].
 
De ferearing fan Grykske godheden rûn op lokaal nivo útinoar, mar der wiene datoangeande ek in protte Panhelleenske [[tema's]], dy't ta utering kamen yn û.o. [[hjeldagen]] en [[ritueel|rituelen]]. De wichtichste goaden fan it Grykske panteön wiene de [[Tolve Olympyske Goaden]], dy't neffens de myten op 'e [[berch]] de [[Olympus (berch)|Olympus]] wenne hawwe soene: [[Seus]], [[Heara]], [[Poseidon]], [[Pallas Atene]], [[Apollo (god)|Apollo]], [[Artemis]], [[Ares]], [[Afrodite]], [[Hermes]], [[Demeter]], [[Dionysus]] en [[Hefaistus]]. Dy godheden joegen letter [[ynspiraasje]] ta de gearstalling fan 'e ''Dii Consentes''-groep mank de godheden fan 'e Romeinen. Oare wichtige Grykske goaden wiene [[Hestia]], [[Hades (god)|Hades]], [[Perséfoné]], de geiteskonkige [[hoeder]]sgod [[Pan (god)|Pan]] en de healgod [[Hearakles]]. Dêropta wiene der in protte pleatslike goaden en mindere [[geast]]en, lykas [[nimf (mytysk wêzen)|nimfen]], [[dryade]]n, [[nereïde]]n, [[satyr]]s, ensfh.
[[File:Stater_Zeus_Lampsacus_CdM.jpg|right|thumb|200px|[[Seus]], de oppergod fan it [[Grykske mytology|Grykske]] [[panteön]] op in [[goud]]ene [[munt]] út 'e [[4e iuw f.Kr.]]]]
 
De Grykske goaden wiene [[antropomorf]], lykas harren wjergaders yn 'e measte oare Yndo-Jeropeeske tradysjes. Neffens godstsjinstûndersiker [[Walter Burkert]] wiene se "persoanen, en gjin abstraksjes, ideeën of konsepten." Se hiene [[fantasij|fantastyske]] fermogens en krêften, en elts hie in unike ekspertize op in beskaat mêd, mei dêropta in dúdlik eigen persoanlikheid dy't nea sûnder in spesifike [[karakterflater]] wie. Se wiene fierders net [[almacht]]ich en koene ûnder beskate omstannichheden [[ferwûne]] reitsje of sels stjerre. Om Grykske goaden hinne ûntstiene [[kultus|kulten]], en se [[ynspiraasje|ynspirearren]] harren leauwenden ta it bringen fan [[offerritueel|offers]] foar geunsten lykas slagge [[rispinge]]n, [[sûnens]], oerwinnings op it [[oarloch|slachfjild]] of it [[grêf|rêsten yn frede]] fan in beminde dy't koartby [[ferstoarn]] wie.
 
====Romeinsk heidendom====
It panteön fan it [[Romeinske heidendom]] omfieme withoefolle goaden, dy't sawol lânseigen wêze koene, as oernommen út 'e [[Grykske mytology]] of in oare boarne, lykas de [[Etruskyske mytology]] of de [[Egyptyske mytology]]. De bekendste Romeinske godheden, dy't letter yn 'e [[Renêssânse]] ek in wichtige rol spylje soene yn 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] [[keunst]], wiene seis goaden en seis goadinnen dy't [[antropomorf]] foarsteld waarden en [[synkretisme|synkretisearre]] rekke wiene mei Grykske wjergaders: [[Jupiter (god)|Jupiter]] (mei Seus), [[Neptunus (god)|Neptunus]] (mei Poseidon), [[Mars (god)|Mars]] (mei Ares), [[Merkuerius (god)|Merkuerius]] (mei Hermes), [[Apollo (god)|Apollo]] (mei Apollo), [[Fulkanus]] (mei Hefaistus), [[Juno (goadinne)|Juno]] (mei Heara), [[Fenus (goadinne)|Fenus]] (mei Afrodite), [[Minerva (goadinne)|Minerva]] (mei Pallas Atene), [[Diana (goadinne)|Diana]] (mei Artemis), [[Seares]] (mei Demeter) en [[Festa (goadinne)|Festa]] (mei Hestia). Oare goaden fan Grykske oarsprong of dy't mei Grykske wjergaders ferraand rekken, wiene [[Bachus]] (mei Dionysus), [[Pluto (god)|Pluto]] (mei Hades) en de healgod [[Herkules]] (mei Hearakles). Wichtige net-Grykske godheden wiene [[Janus (god)|Janus]], [[Fortuna (goadinne)|Fortuna]], [[Kwirinus (god)|Kwirinus]] en [[Tellus (goadinne)|Tellus]], dy't in foarm fan 'e Memmegoadinne wie en dêrom wierskynlik it âldst.
[[File:Arte_romana,_triade_capitolina,_160-180_dc_(guidonia_montecelio,_museo_civico_archeologico)_01.jpg|left|thumb|250px|De saneamde Kapitolynske Triade fan it [[Romeinske heidendom]], besteande út (f.l.n.rj.) de goadinne [[Juno (goadinne)|Juno]], de god [[Jupiter (god)|Jupiter]] en de goadinne [[Minerva (goadinne)|Minerva]].]]
 
Krekt as by de âlde Griken joegen de goaden ek by de [[Romeinen]] oanlieding ta it hâlden fan [[hjeldagen]], [[feest]]en en [[ritueel|rituelen]] en it bringen fan [[offerritueel|offers]]. Dêroer hiene de ''flamines'' ("[[preester]]s") de lieding, mar ek [[preesteresse]]n, lykas de [[Festaalske Fammen]], stiene by de Romeinen yn heech oansjen om't se yn 'e [[timpel]]s de [[hilligens|hillige]] [[fjoer|fjurren]] [[brân]]ende holden foar de goaden. Fjoer as in foarm fan ferearing wêroan't de status fan hilligens takend waard, kaam ek foar by û.o. de [[Israeliten|Israelityske]] [[jahwisme|jahwisten]] (sjoch: ''[[Leviticus (bibelboek)|Leviticus]]'' 6), de [[Veda's|Vedyske]] [[hindoe]]s en de âlde Grykske heidens. (De [[Olympyske flam]], fan 'e [[Olympyske Spullen]], is dêr in modern oerbliuwsel fan.) De ferearing fan 'e goaden hie by de Romeinen ek in privee-fariant, dy't binnendoar plakfûn mei it bringen fan lytse offerjeften by in privee-[[hillichdom|skryn]] (in ''lararium'').