God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 181:
 
Oare goaden hawwe troch ôfbyldings yn uterlik en namme de iuwen oerlibbe, lykas de [[dea]]degod [[Sûsellus]] en de [[bosk]]god [[Nantos]], en benammen ek [[Sernûnnos]], dy't [[gewei|hartehoarnen]] hie en sadwaande bydroegen hat oan it ûntstean fan 'e tradisjonele kristlike foarstelling fan 'e [[duvel]]. Hy behearske de ûnderwrâld, mar waard ek as god fan 'e oerfloed beskôge. Al mei al binne der mear as fjouwertûzen nammen fan Keltyske goaden oerlevere, mar it is wierskynlik dat fierwei it grutste part dêrfan pleatslike farianten of manifestaasjes fan wichtiger goaden wiene, lykas Lugh en Taranis. Ek [[healgoaden]] spilen in promininte rol yn it Keltyske panteön. Sa is [[Cú Chulainn]], de grutste [[held]] út 'e [[Ierske mytology]], te ferlykjen mei [[Hearakles]] yn [[Grikelân]]. Hy fersloech bgl. eigenhannich in hiel [[leger]], mar libbe mar koart om't syn fijannen him deaden mei [[tsjoenderij]]. In oare mytyske held út Ierlân wie [[Fionn mac Cumhail]], in kriger mei magyske krêften. De [[Brittanje (provinsje)|Brittannyske]] [[kening Arthur]] liket mooglik in [[histoarysk]]e persoan west te hawwen, mar hy wurdt ek wol sjoen as in lette manifestaasje fan in Keltyske fruchtberensgod, [[Artor de Ploeier]].
 
====Germaansk heidendom====
Yn [[Germaansk heidendom|it heidendom]] fan 'e [[Germanen]] rekken de goaden fan 'e [[Westgermaanske talen|Westgermanen]] al rillegau beynfloede troch de [[Romeinske mytology]]. [[Tonger (god)|Tonger]] of Doanar waard lykslein mei Jupiter, [[Weda]] mei Merkuerius, [[Tyr]] mei Mars en [[Freya (goadinne)|Freya]] mei Fenus. Om't de Westgermanen al ier yn 'e [[Midsiuwen]] [[kerstene]] waarden, is oer harren foarm it [[Germaanske heidendom]] net sa gek folle bekend. Better oerlevere is it [[Noardske heidendom]] fan 'e [[Noardgermaanske talen|Noardgermanen]]. Yn 'e [[Noardske mytology]] bestiene twa groepen goaden: de [[Asen]], dy't libben yn [[Asgard]], en de [[Wanen]], dy't taholden yn [[Wanaheim]]. It wurd 'Asen' (''Æsir'' yn it [[Aldnoarsk]]) soe neffens de [[taalkundige]] [[John Lindow]] skoan weromgean kinne op it [[Proto-Yndo-Jeropeesk]]e wurd foar "sike" (yn 'e sin fan it ynheljen fan [[lucht]]), mei't de goaden de minsken libben joegen, krekt sa't [[sykheljen]] dat docht. De [[Aldingelsk]]e term ''os'', dy't "god" betsjut, en it [[Frysk]]e wurd "[[sykheljen|azem]]", in [[synonym]] foar "sike", soene sadwaande fan deselde oarsprong komme.
[[File:Freya by C. E. Doepler.jpg|right|thumb|230px|De [[Germaanske heidendom|Germaanske]] [[leafde]]sgoadinne [[Freya (goadinne)|Freya]].]]
 
Fan 'e beide groepen goaden wiene de Wanen, dy't bekendstiene om harren [[seks]]uele bûtensprongen, ferbûn mei [[fruchtberens]] en [[lânbou]], wylst de Asen mear mei oare dingen te krijen hiene. [[Argeologe]] en [[teologe]] [[Marija Gimbutas]] en [[Germaanske talen|germanist]] [[Karl Helm]] hawwe in omstriden teory oppenearre dat de Asen eins lette yntroduksjes yn [[Noard-Jeropa]] wiene, wylst de Wanen de oarspronklike, lânseigen religy fan dat gebiet fertsjintwurdige hawwe soene. In oanwizing dêrfoar soe de fermelding wêze kinne yn it ''[[Völuspá]]'', ien fan 'e [[gedicht]]en fan 'e [[Aldiislânsk]]e [[Poëtyske Edda|Poëtyske ''Edda'']], fan 'e [[Asysk-Waanske Oarloch]]. Dy [[oarloch|striid]] tusken de beide goadegeslachten einige neffens de ''[[Ynglinga Saga]]'' ûnbeslist en mei de útwikseling fan [[gizeling|gizelders]]: De Waanske seegod [[Njord]] of Njörðr fêstige him mei syn [[bern (persoan)|bern]] [[Frey (god)|Frey]] (Freyr) en [[Freya (goadinne)|Freya]] (Freyja) mank de Asen, wylst de Asen [[Mímir]] en [[Hœnir]] harren by de Wanen joegen. Neitiid wurken de beide groepen gear en ûntdieken se earder ûnfermoede ûnderlinge ferskillen, lykas de [[walging]] dy't de Asen hiene fan [[houlik]]en tusken [[ynsest|broer en suster]], wylst dy mank de Wanen hiel gewoan wiene.
 
De Germaanske goaden wiene organisearre yn in los panteön, mei in oppergod, [[Weda]] of Odin (Óðinn), dy't mear in earste ûnder syn gelikensen wie as in kening fan 'e goaden, lykas [[Seus]]. Der binne oanwizings dat Weda sels dy swakke liedersposysje pas let yn 'e ûntwikkeling fan it Germaanske heidendom berikte. Hy wie [[troud]] mei de machtige goadinne [[Frigga]] (ek Frigg of Friia), beried in achtskonkich [[hynder]] dat [[Sleipnir]] hiet en waard beselskippe fan twa roppige [[wolven]], [[Geri en Freki]], en twa alwittende [[raven]]s, [[Huginn en Muninn]]. Weda wie de god fan [[oarloch]], [[eallju]], [[poëzij]] en [[tsjoenderij]] (''seiðr''), en hy easke [[minske-offer]]s dy't [[ophinging (libbensbeëiniging)|ophongen]] wurde moasten oan [[beam]]men, nei gedachten ta oantinken oan 'e njoggen [[nacht]]en dy't er sels troch in [[lâns (wapen)|lâns]] [[ferwûne]] oan 'e [[wrâldbeam]] [[Yggdrasill]] hongen hie as in offer oan himsels, mei as doel oan 'e [[magy]]ske [[wiisheid]] fan it [[runen|runeskrift]] en de kostbere jefte fan 'e [[dichtkeunst]] te bemachtigjen. Dêr hied er ek ien fan syn [[each|eagen]] foar opoffere. By de Westgermanen stie Weda benammen bekend as [[stoarm]]god, dy't nachts op syn hynder oan it haad fan 'e [[Wylde Jacht]] oer de wrâld raasde. Syn [[tsjinstfammen]], de [[walkueren]], keazen op it slachfjild de helte fan 'e [[sneuvele]] [[kriger]]s út om nei it [[Walhalla]] te bringen, it [[paleis]] fan Weda yn it [[hjirneimels]], dêr't se feestfierden en oefenen foar de [[Ein fan de Tiden|einstriid]] fan [[Ragnarök]].
[[File:Mårten_Eskil_Winge_-_Tor's_Fight_with_the_Giants_-_Google_Art_Project.jpg|left|thumb|180px|De [[Noardske mytology|Noardske]] [[tonger]]god [[Thor]] befjochtet de ''[[jötunn|jötnar]]'' ("[[reus (mytysk wêzen)|reuzen]]").]]