God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 218:
====Hindoeïsme====
Yn it [[hindoeïsme]] ferskilt it [[godsbyld]] sterk, ôfhinklik fan 'e religieuze streaming, [[kastestelsel|kaste]], [[maatskiplike klasse]] ([[oplieding]]), [[regio]] en [[etnyske groep]] fan 'e leauwenden. It hindoeïsme is in godstsjinst sûnder [[dogma]]tyk, wat it mooglik makket dat [[polyteïstysk]]e, [[monolatry]]ske, [[henoteïsme|henoteïstyske]], [[panteïsme|panteïstyske]], [[panenteïsme|panenteïstyske]], [[monoteïstysk]]e en [[monisme (filosofy)|monistyske]] opfettings njonkeninoar besteane. It hindoeïstyske panteön is wierskynlik it grutste fan 'e wrâld, mei 333 miljoen ferskillende godheden, [[demoanen]] en [[ynkarnaasje]]s en manifestaasjes fan goaden en goadinnen. Dêrby wurde de goaden net as [[almacht]]ich beskôge, mar as yn prinsipe bûn oan deselde [[natoer]]wetten en [[kosmology|kosmyske oarder]] mei syn [[reynkarnaasje]]sykly en ''[[karma]]''-lear as de minsken.
 
Yn 'e [[Veda's|Vedyske]] tiid stiene hiel oare goaden boppe-oan yn it hindoeïstyske panteön as tsjintwurdich. It heechst yn rang wie [[Prajāpati]], hoewol't syn status de titel fan oppergod wierskynlik net fertsjinne. Hy berikte syn rang trochdat er himsels [[offerritueel|offere]], sadat de [[kosmos]] ûntstean koe. Wichtiger foar de [[earetsjinst]] en it deistich libben fan 'e minsken wiene godheden dy't in grutte rol spilen yn 'e [[Veda's|vedyske teksten]]. De machtichste dêrfan wie sûnder mis de [[oarloch]]s- en [[tonger]]god [[Indra (god)|Indra]], dy't wierskynlik deselde oarsprong hat as [[Seus]], [[Thor]] en [[Perûn]]. [[Varuṇa]] wie de god fan [[wetter]] en [[rjochtfeardichheid]] en de hoeder fan 'e kosmyske oarder. Yn dy lêste funksje wied er ornaris ferbûn mei [[Mitra (hindoegod)|Mitra]], de [[sinne]]god. De vedyske hindoes leauden nammentlik dat dy beide goaden tegearre oer de kosmyske oarder regearren, û.m troch [[sykte]] of [[genêzing]], [[drûchte]] of [[rein (delslach)|rein]] te stjoeren. Oare wichtige vedyske goaden wiene [[Agni (god)|Agni]], de god fan it [[fjoer]], en [[Jama (god)|Jama]], de god fan 'e [[dea]].
[[File:1_Hindu_deity_Ganesha_on_ceramic_tile_at_Munnar_Kerala_India_March_2014.jpg|right|thumb|180px|[[Ganesja]], de [[hindoeïsme|hindoeïstyske]] god fan [[wiisheid]] en [[wittenskip]].]]
 
Tsjintwurdich draait de deistige earetsjinst fan frijwol alle hindoes om ien of mear fan 'e goaden [[Sjiva]], [[Wisjnû]], [[Sjakti]], [[Doerga]], [[Ganesja]] of [[Soerja]], of om ien fan harren ynkarnaasjes of manifestaasjes, lykas [[Krisjna]], [[Rama (god)|Rama]], [[Parvati]] en [[Kali (goadinne)|Kali]]. Yn teory binne dêrby de wichtichste goaden fan it hindoeïsme de leden fan 'e saneamde ''Trimūrti'', de "Trijefoarm", te witten: [[Brachma]], de Skepper, Wisjnû, de Rêder, en Sjiva, de Wreker. Mar yn 'e praktyk nimt Brachma of Brachman in folle minder wichtich plak yn en binne de echte haadgoaden fan it hindoeïsme Wisjnû en Sjiva; alle oare godheden steane dúdlik op in leger nivo. De goaden fan 'e ''Trimūrti'' wurde lykwols ek wol sjoen as de trije gesichten fan ien en deselde monoteïstyske [[God (monoteïsme)|God]], dêr't alle oare godheden yn dy sjenswize manifestaasjes of ûnderdienen fan wêze soene.
 
De fjouwerhadige Brachma (''Brahmā'') is de personifikaasje fan it ''[[brachman (konsept)|brachman]]'', it iene [[monisme (filosofy)|monistyske]] oerprinsipe, dêr't yn it hindoeïstyske [[tinken]] de hiele kosmos út fuortkommen is. Hy belichemet dêrby de skeppende krêften fan 'e kosmos en is fierhinne [[synkretisme|synkretisearre]] rekke mei de vedyske oppergod Prajāpati. Om't er syn oarsprong fynt yn in neutraal en apersonalistysk prinsipe en fuortkomt út [[filosofy]]ske beriddenearring en net út in natuerlike leauwensûntwikkeling is Brachma nea net in botte populêre god wurden en hat er in posysje dy't sterk tinken docht oan dy fan 'e [[Himelgod]]. Lykwols wurdt er sjoen as de belicheming fan 'e út himsels fuortkommende ivige oergrûn, de lêst oanwiisbere oarsaak fan alles dat bestiet, dat alles is en dat ýn alles is, en dat dêrom hoe dan ek fereare wurdt, likefolle wat of Wa't of hoe't men [[ferearing|ferearet]].
[[File:Shiva statue, Mauritius.jpg|left|thumb|180px|In 33 [[meter|m]] heech [[stânbyld]] fan 'e [[hindoeïsme|hindoeïstyske]] god [[Sjiva]] op [[Mauritsius]].]]