God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 262:
====Samysk heidendom====
De [[Samen]] fan noardlik [[Skandinaavje]] leauwe yn 'e goaden fan 'e [[sinne]], de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]] en fan ferskate [[elemint]]en fan 'e [[natoer]]. De [[jiertiid|seizoenewiksel]], de [[waar]]somstannichheden, de [[sûnens]] fan [[minske]] en [[bist]], alles wurdt bepaald troch goaden en legere [[geast]]en. Dêrom [[offerritueel|offerje]] de Samen op [[seremoanje|seremoniële wize]] oan alle goaden en geasten op fêste tiden fan it jier en mei in grut tal ferskillende doelen.
 
====Finsk heidendom====
Yn it [[Finske heidendom]] wie [[Ukko]] ("Aldman") de wichtichste god fan it panteön. Hy wie de god fan 'e [[loft]], it [[waar]] en de [[rispinge]], waans namme ferbûn is mei it [[Finsk]]e [[wurd]] foar [[tonger]] (''ukkonen'') en [[swierwaar]] (''ukonilma'', "Ukko's waar"). Yn it ''[[Kalevala]]'', it nasjonale [[epos]] fan [[Finlân]], wurdt er ek oantsjut as ''ylijumala'', "oppergod". Ukko kaam nei alle gedachten fuort út in ferraning fan 'e [[Baltyske heidendom|Baltyske]] [[Pērkons]] en beskate aspekten fan 'e âldere Finske Himelgod [[Ilmarinen]]. Dy lêste waard neitiid yn rang weromset en wurdt yn it ''Kalevala'' neamd as god fan 'e [[stien]] en as [[smid]] fan 'e goaden. Krekt as [[Thor]] hie Ukko in [[hammer]] (of yn guon ferzjes fan 'e [[myte]]n in [[bile]] of [[swurd]]), wêrmei't er [[wjerljocht]] sloech. Hy wie [[troud]] mei de goadinne [[Akka (goadinne)|Akka]] ("Aldwiif"), en as hja [[seksuele omgong]] hiene, wie der [[swierwaar]].
[[File:Bust_Athena_Velletri_Glyptothek_Munich_213.jpg|right|thumb|220px|In [[stânbyld|buste]] fan 'e [[Grykske mytology|Grykske]] goadinne fan 'e [[wiisheid]] [[Pallas Atene]].]]
 
Oare wichtige Finske goaden wiene [[Ahti]], de god fan 'e djipten en de skinker fan [[fisk]]; [[Äkräs]], de god fan 'e [[fruchtberens]] en de [[lânbou]]; [[Kuu (god)|Kuu]], de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moannegod]]; [[Mielikki]], de goadinne fan it [[wâld]]; [[Nyyrikki]], de god fan 'e [[jacht (aktiviteit)|jacht]]; [[Pekko]], de god fan 'e [[koarn]] en it [[bier]]brouwen; [[Tuoni]], de god fan 'e [[dea]]; dy syn [[blinens|bline]] [[dochter]] [[Loviatar]], de mem fan 'e Njoggen [[Sykte]]n; en [[Iku-Turso]], in [[kwea]]daardich [[meunster (wêzen)|seemeunster]].
 
====Hongaarsk heidendom====
Yn it [[Hongaarske heidendom]] libben de goaden yn ''[[Felső világ]]'', de "Boppewrâld" (of [[himel]]), dy't ûnderskaat waard fan ''[[Középső világ]]'', de "Middenwrâld" (oftewol de minskewrâld), en ''[[Alsó világ]]'', de "[[ûnderwrâld (mytology)|Underwrâld]]". Alle goaden hiene by de âlde [[Hongaren]] deselde rang, mar [[Isten]], waans namme ienfâldichwei "God" betsjut, wie it meast prominint. Yn 'e mande mei [[Ördög]], de god fan it [[kwea]], skoep er de trije wrâlden. Oare wichtige Hongaarske goaden wiene [[Istananya]] (de Memmegoadinne), [[Hadúr (god)|Hadúr]], de god fan 'e [[oarloch]], [[Napkirály]], de [[sinne]]god, [[Szélkirály]], de god fan [[wyn (waar)|wyn]] en [[rein (delslach)|rein]], en [[Boldogasszony]], de Keninginne fan Oerfloed en goadinne fan 'e [[mem]]mesteat, dy't nei de [[kerstening]] fan 'e Hongaren lykslein waard mei de [[Faam Marije]].
[[File:British Museum Queen of the Night.jpg|left|thumb|200px|De [[Akkadyske Ryk|Akkadyske]] [[Memmegoadinne]] [[Isjtar]].]]