God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 284:
====Sineesk universalisme====
It is eins net te sizzen oft it [[Sineesk universalisme]] no in foarm fan [[polyteïsme]] of [[panteïsme]] mei in [[Himelgod]] oan it haad is, of oft it in mear nei it [[rasjonalisme]] oerhingjende [[natoerwet]] is, dy't útgiet fan in skeppend, mar apersonalistysk oerbegjinsel. De hiele [[kosmos]] wurdt winliken as ien grut [[libben]] [[organisme]] beskôge, en de goaden moatte alle ûnderlinge kosmyske ferbannen dêryn hanthavenje. Dy goaden wurde faak ek net as persoanen, lykas yn [[Jeropa]] en it [[Midden-Easten]], mar as [[idee]]ën foarsteld, sadat der in [[panteön]] ûntstiet dat tige ôfwykt fan wat yn 'e [[Aldheid]] yn it [[Westerske wrâld|Westen]] wenst wie.
 
De wichtichste godheid fan it Sineeske panteön liket sadwaande hielendal net op 'e oppergoaden út 'e polyteïstyske [[Middellânske See|Mediterrane]] en [[Jeropa|Jeropeeske]] godstsjinsten, en likemin op dy út 'e [[natoerreligyen]]. Der binne ferskate oantsjuttings foar dizze godheid, mar de bekendste en faaks ek wol de âldste is [[Shangti]], dat "Oerste Hearsker" betsjut. Hy wurdt assosjearre mei de [[Poalstjer]] en beskôge as de [[skepper-god|skepper]] fan it [[hielal]], dy't it [[regear|bewâld]] oer de [[kosmology|kosmyske oarder]] fiert. Hoewol't er omskreaun wurdt as in wied er in [[minske]], liket er frijwol gjin minsklike eigenskippen te hawwen en wurdt er net [[ferearing|fereare]] as in personifiëarre god, mar earder oanfurde as in wetmjittich oerprinsipe. Yn in protte teksten wurdt dizze frjemde oppergod ek wol [[Tian (god)|Tian]] of T'ien neamd, dat "[[Himel]]" betsjut. Yn dizze foarm wurdt er beskôge as bringer fan sawol beleannings, lykas [[lok (heil)|lok]] en oerfloedige [[rispinge]]n, as fan [[bestraffing]]s, lykas [[ûngelok (ûnheil)|ûngelok]] en ferwoastgjende [[natoerramp]]en. Pas ûnder ynfloed fan it [[konfusianisme]] waard T'ien ek as in soarte fan himelske heit beskôge, dy't syn minskebern ûnderrjochtsje wol. In trêde beneaming foar de oergod is [[Tao]], "de Wei", oarspronklik yn 'e betsjutting fan 'e [[Molkwei|baan fan 'e stjerren by de himel lâns]]. Tao wurdt almeast omskreaun as de mei [[magy]]ske krêften bejeftige oerstof, dêr't hiel it [[universum]] út fuortkommen is. Dit begryp is letter oernommen troch it konfusianisme en it dernei ferneamde [[taoïsme]], dêr't it noch altyd in tige wichtige rol yn spilet.
[[File:Dionysos_Louvre_Ma87_n2.jpg|left|thumb|180px|[[Dionysus]], de [[Grykske mytology|Grykske]] god fan 'e [[wyn (drank)|wyn]], [[dronkenskip]] en rituele [[sljochtsinnigens]].]]
 
Njonken dizze en oare hast ûnberikbere himelgoaden dy't ûnpersoanlike wetmjittichheden belichemje, besteane der yn it Sineeske universalisme ek in tige grut tal [[fergoading|fergoade]] [[myte|mytyske]] en [[histoarysk]]e persoanen, ornaris [[held|folkshelden]], dy't yn it deistich libben fan 'e minsken in folle gruttere betsjutting hawwe. Foarbylden dêrfan binne û.o. beskate [[keizer]]s, en [[Laozi]], [[Konfusius]] en de [[Boeda]] (de stifters fan it taoïsme, resp. it konfusianisme en it boedisme), en sels ek de [[kommunist]]yske lieder [[Mao Zedong]], de 'Grutte Roerman', al waard dy syn ferearing yn [[2001]] sels yn syn [[berte]]plak [[Shaoshan]] ferbean. De wichtichste goaden út dizze [[kategory]] binne lykwols sûnder mis de trije [[soevereiniteit|soevereinen]] en fiif "ferhefte keizers", allegearre mytyske figueren, dy't neffens de [[leginde]] om [[3000 f.Kr.]] hinne ferantwurdlik west hawwe soene foar de skepping fan it [[Sinezen|Sineeske folk]] en harren [[kultuer]] en [[steat]]. De earste soeverein, [[Fuxi]], dy't krekt as syn suster, de goadinne [[Nügua]], mei it ûnderliif fan in [[draak]] foarsteld wurdt, joech de Sinezen de jeften fan 'e [[jacht (aktiviteit)|jacht]], de [[fiskerij]] en de [[feehâlderij]], wylst Nügua de earste Sinezen út [[klaai]] makke en it ynstitút fan it [[houlik]] ynstelde. In oare soeverein, [[Shennong]], dy't foarsteld wurdt mei in [[okse]]kop, brocht de Sinezen de [[bou (lânbou)|lânbou]] en de [[medisinale]] [[kennis]] fan [[krûd (plant)|krûden]] en oare [[planten]]. Troch [[Huangdi]], de earste "ferhefte keizer", learden de Sinezen de [[kalinder]], [[pottebakkerij]] en [[skip]]sbou kennen. En de lêste "ferhefte keizer", [[Shun (godheid)|Shun]], skonk de Sinezen de [[skriuwkwast]].
 
[[Zaochun]] wie de saneamde [[koken]]god. Foarhinne (en yn tradisjonele Sineeske [[húshâlding]]s noch wol) hong men syn ôfbylding op yn 'e koken, boppe it [[gasstel|stel]] dêr't men [[itensieden|iten sea]], sadat er eltsenien yn 'e rekken hâlde koe. Op [[nijjiersdei]] waard de ôfbylding ferbaarnd om Zaochun nei de [[himel]] te stjoeren, sadat er ferslach útbringe koe oan 'e oppergod. Dêrnei waard der dan in nije ôfbylding fan him ophongen foar it nije [[jier]]. It wie lykwols tradysje om krekt foar nijjier Zaochun syn [[mûle]] mei [[hunich]] te besmaren, sadat syn [[tonge]] kleverich wurde en hy neat tsjin 'e oppergod sizze kinne soe.
[[File:Statue_of_nude_Venus_of_the_Capitoline_type,_Roman,_2nd_century_AD,_from_Campo_Iemini,_housed_in_the_British_Museum.jpg|right|thumb|180px|[[Fenus (goadinne)|Fenus]], de [[Romeinske mytology|Romeinske]] goadinne fan 'e [[leafde]].]]