God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 292:
[[Zaochun]] wie de saneamde [[koken]]god. Foarhinne (en yn tradisjonele Sineeske [[húshâlding]]s noch wol) hong men syn ôfbylding op yn 'e koken, boppe it [[gasstel|stel]] dêr't men [[itensieden|iten sea]], sadat er eltsenien yn 'e rekken hâlde koe. Op [[nijjiersdei]] waard de ôfbylding ferbaarnd om Zaochun nei de [[himel]] te stjoeren, sadat er ferslach útbringe koe oan 'e oppergod. Dêrnei waard der dan in nije ôfbylding fan him ophongen foar it nije [[jier]]. It wie lykwols tradysje om krekt foar nijjier Zaochun syn [[mûle]] mei [[hunich]] te besmaren, sadat syn [[tonge]] kleverich wurde en hy neat tsjin 'e oppergod sizze kinne soe.
[[File:Statue_of_nude_Venus_of_the_Capitoline_type,_Roman,_2nd_century_AD,_from_Campo_Iemini,_housed_in_the_British_Museum.jpg|right|thumb|180px|[[Fenus (goadinne)|Fenus]], de [[Romeinske mytology|Romeinske]] goadinne fan 'e [[leafde]].]]
 
Oare wichtige Sineeske godheden binne [[Fuxing]], de god fan it [[lok (heil)|lok]], [[Luxing]], de god fan 'e [[foarspoed]], en [[Shouxing]], de god fan 'e [[âlderdom]]. Dy trije wurde meastal mei-inoar ôfbylde, mei in protte [[bern (persoan)|bern]] om harren hinne as teken fan lok en foarspoed. De populêrste fan 'e trije is Shouxing, dy't assosjearre wurdt mei it [[suden]], de geunstichste rjochting yn 'e Sineeske [[kosmology]]. Ek de [[oarloch]]sgod [[Guandi]] spilet noch altiten in wichtige rol. Hy is werom te fieren op 'e [[trêde-iuwsk]]e [[generaal]] en [[held|oarlochsheld]] [[Guan Yu]]. Behalven god fan 'e oarloch is er ek god fan 'e [[rjochtfeardichheid]] en oant 'e [[Utroppen fan de Folkrepublyk Sina|kommunistyske machtsoername fan 1949]] waarden timpels dy't oan him wijd wiene, brûkt as [[rjochtbank]]en. Ien fan 'e wichtichste froulike godheden is de [[wetter]]dragende [[fruchtberens]]goadinne [[Guanyin]], dy't ûntstien is út in [[boedisme|boedistyske]] [[hillige]]. Sy is ek de beskermster fan [[bern (persoan)|bern]], en trochdat se faak ôfbylde wurdt mei in bern op 'e [[earm]], is se yn it [[ferline]] wol gauris lyksteld mei de [[kristlik]]e [[Faam Marije]].
 
Eartiids hie fierders ek eltse himsels respektearjende [[delsetting]] in saneamde stedsgod. Meastal wie dat in [[fergoading]] fan in histoarysk persoan dy't in wichtige rol spile hie by de stifting fan 'e [[stêd]] of it [[doarp]]. Syn [[timpel]] tsjinne foar sawol [[religieuze]] [[gearkomste]]n as algemiene [[evenemint]]en, lykas [[merk (hannelsgearkomste|merken]].
 
====Konfusianisme====
It [[konfusianisme]], dat eins mear wei hat fan in [[filosofy]] as fan in [[religy]] yn 'e gebrûklike sin fan it wurd, draait om it besykjen om te kommen ta ienheid tusken it yndividu en de [[Himelgod]] [[Tian (god)|Tian]] of T'ien. Oars omskreaun giet it om 'e relaasje tusken de [[minskheid]] en de [[himel]] ([[Li (konfusianisme)|Li]] of [[Tao|Dao]]). It prinsipe fan 'e Himel belichemet de oarder fan 'e skepping en de boarne fan godlike autoriteit, dy't [[monisme (filosofy)|monistysk]] fan karakter is. [[Persoan]]en kinne harren minsklikens beseffe en ien mei de Himel wurde troch [[meditaasje]] oer de oarder fan 'e skepping, dy't ek de wrâldoarder en dêrmei de [[maatskiplike stratifikaasje|maatskiplike oarder]] is. Ut dyselde oarder folget ek dat it foechsum is foar minsken om 'e goaden te [[ferearing|ferearjen]] (deselden dy't ek foarkomme yn it [[Sineesk universalisme]], it [[taoïsme]] en it [[Sineesk boedisme]]).
[[File:Laozi 002.jpg|left|thumb|250px|In [[stânbyld|byld]] fan [[Laozi]], de [[fergoading|fergoade]] stifter fan it [[taoïsme]].]]