God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 300:
It [[konfusianisme]], dat eins mear wei hat fan in [[filosofy]] as fan in [[religy]] yn 'e gebrûklike sin fan it wurd, draait om it besykjen om te kommen ta ienheid tusken it yndividu en de [[Himelgod]] [[Tian (god)|Tian]] of T'ien. Oars omskreaun giet it om 'e relaasje tusken de [[minskheid]] en de [[himel]] ([[Li (konfusianisme)|Li]] of [[Tao|Dao]]). It prinsipe fan 'e Himel belichemet de oarder fan 'e skepping en de boarne fan godlike autoriteit, dy't [[monisme (filosofy)|monistysk]] fan karakter is. [[Persoan]]en kinne harren minsklikens beseffe en ien mei de Himel wurde troch [[meditaasje]] oer de oarder fan 'e skepping, dy't ek de wrâldoarder en dêrmei de [[maatskiplike stratifikaasje|maatskiplike oarder]] is. Ut dyselde oarder folget ek dat it foechsum is foar minsken om 'e goaden te [[ferearing|ferearjen]] (deselden dy't ek foarkomme yn it [[Sineesk universalisme]], it [[taoïsme]] en it [[Sineesk boedisme]]).
[[File:Laozi 002.jpg|left|thumb|250px|In [[stânbyld|byld]] fan [[Laozi]], de [[fergoading|fergoade]] stifter fan it [[taoïsme]].]]
 
====Taoïsme====
It [[taoïsme]] kin omskreaun wurde as in [[panteïsme|panteïstyske]] [[religy]], mei it each op 'e [[filosofy]]ske klam dy't it leit op 'e foarmleazens fan 'e [[Tao]] ("de Wei") ynstee fan mear [[antropomorf]]e konsepten [[God (monoteïsme)|God]]. Hoewol't der frijwat ferskillen besteane tusken de ferskate taoïstyske streamings, is dat in kearnelemint fan it leauwe dat se allegear gemien hawwe. Yn 'e regel wurde de [[Trije Reine Goaden]] oan 'e top fan it taoïstyske [[panteön]] pleatst. Dat is in soarte fan taoïstyske Trije-ienheid besteande út de [[himelgod]] [[Yu-Huang]], de personifikaasje fan 'e Tao [[T'ai-chi]], en [[Laozi]] (of Lao-tse), de [[fergoading|fergoade]] stifter fan it taoïsme.
[[File:Kobayashi_Izanami_and_Izanagi.jpg|right|thumb|150px|In [[skilderij]] fan [[Eitaku Kobayashi]] fan 'e god [[Izanagi]] en de goadinne [[Izanami-no-Mikoto]] út 'e [[Japanske mytology]], dy't de [[Japan|Japanske Eilannen]] skeppe.]]
 
Guon foarmen fan it taoïsme omfiemje de [[Jadekeizer]], dy't ôflaat is fan Yu-Huang, as in fertsjintwurdiger fan 'e heechste God. Ferskillende tûken fan it taoïsme omfetsje faak ferskillende panteöns fan legere godheden, dy't de ûnderskate ideeën fan 'e [[kosmology]] fertsjintwurdigje. Sokke mindere goaden kinne omreden fan harren dieden ek nei in heger nivo ferheft of krekt nei in leger nivo ôffierd wurde. Persoanen út 'e taoïstyske skiednis en minsken fan wa't leaud wurdt dat se [[ûnstjerlikens|ûntstjerlik]] wurden binne (''[[xian (taoïsme)|xian]]''), wurde yn it taoïsme ek rûnom fereare. Nettsjinsteande it bestean fan goaden yn it taoïsme moat soks net betize wurde mei [[Westerske wrâld|Westerske]] noasjes fan [[teïsme]]. Ienwurding mei de Tao kin net lykslein wurde mei it [[kristlik]]e idee fan [[geastlike besetting|besetting]] troch de [[Hillige Geast]], noch mei it opgean yn in ivige [[geast]] yn 'e [[hindoeïsme|hindoeïstyske]] sin.
 
====Sjintoïsme====
Yn it [[sjintoïsme]], de oarspronklike godstsjinst fan [[Japan]], wurde goaden ''kami'', ''shin'' of (hiel [[argaysk]]) ''jin'' neamd. Al dy wurden betsjutte eins safolle as "de enerzjy dêr't dingen út fuortkomme". Mei't it [[Japansk]] gjin [[grammatika]]le [[ferbûging (grammatika)|ferbûging]] hat dy't it ferskil oanjout tusken [[inkeltal]] en [[meartal]], kin ''kami'' behalven nei in god of goaden ek ferwize nei godlikens of nei in ûnstoflike [[hilligens|hillige]] essinsje dy't himsels yn ferskate foarmen manifestearje kin. Sa kin fan [[rots]]en, [[beam]]men, [[rivier]]en, [[bist]]en, [[plak]]ken en sels [[minske]]n sein wurde dat se ''kami'' fan aard binne. ''Kami'' yn 'e sin fan dúdlik ûnderskate entiteiten (goaden) besteane neffens it sjintoïsme yn deselde wrâld as minsken. It [[panteön]] (as sa'n losse samling goaden sa neamd wurde kin) fan it sjintoïsme stiet bekend as ''yaoyorozu no kami'', in útdrukking dy't letterlik [[oersetting|oerset]] wurde kin as "acht miljoen goaden". De wiere betsjutting is lykwols net "acht miljoen", mar "myriaden" of "ûntelbere". De wichtichste godheid fan it sjintoïsme is de [[sinne]]goadinne [[Amaterasu]], fan wa't de Japanske [[keizer]]s hjitte [[ôfstamming|ôf te stamjen]].
[[File:Amaterasu cave - large - 1856.jpeg|left|thumb|400px|De [[Japan]]ske [[sinne]]goadinne [[Amaterasu]] komt foar 't ljocht út in [[grot]] wei.]]
 
====Ainû-religy====
De [[Ainû (folk)|Ainû]], de lânseigen bewenners fan it noardlike [[Japan]]ske [[eilân]] [[Hokkaido]] en de [[Koerilen]], leauwe dat de goaden de minskewrâld fysyk besykje yn 'e foarm fan [[bisten]]. Njonken de [[bear]]egod namen yn harren [[mytology]] benammen de goadinnen fan 'e [[sinne]], de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]] en it [[fjoer]] in wichtich plak yn.