God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 313:
====Ainû-religy====
De [[Ainû (folk)|Ainû]], de lânseigen bewenners fan it noardlike [[Japan]]ske [[eilân]] [[Hokkaido]] en de [[Koerilen]], leauwe dat de goaden de minskewrâld fysyk besykje yn 'e foarm fan [[bisten]]. Njonken de [[bear]]egod namen yn harren [[mytology]] benammen de goadinnen fan 'e [[sinne]], de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]] en it [[fjoer]] in wichtich plak yn.
 
===Amerikaanske natoerreligyen===
====Eskimo-religy====
By de [[Eskimo's]] leauwe ferskate groepen yn in machtige goadinne, dy't bekendstiet as de Grutte Mem fan 'e See en dy't op 'e seeboaiem libbet. Yn [[Alaska]] hjit se [[Nerivik]], yn [[Kanada]] [[Sedna]] of [[Uiniyumayuittuq]] en op [[Grienlân]] [[Arnarquagssaq]].
[[File:Thunderbird on Totem Pole.jpg|right|thumb|180px|In [[houtfykjen|houtfike]] [[Tongerfûgel (mytology)|Tongerfûgel]] op in [[toatempeal]].]]
 
====Yndiaanske religyen fan Noard-Amearika====
In protte fan 'e oarspronklike [[natoerreligyen]] fan 'e [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en fan [[Noard-Amearika]] omfetten it leauwen yn it bestean fan in heechste god dy't oantsjut wurdt as de [[Grutte Geast]]. De [[Navaho (folk)|Navaho]], út 'e [[Amerikaanske steaten]] [[Nij Meksiko]] en [[Arizona]], ergerje harren deroan dat beskate [[antropologen]], [[godstsjinst]]wittenskippers en oare ûndersikers beweare dat sy net sa'n heechste god hawwe. Want dat se him gjin namme jouwe om't er ûnkenber is, wol noch net sizze dat se net leauwe dat er bestiet. En dat se gjin [[earetsjinst]] foar him hâlde, wol noch net sizze dat se him net [[ferearing|ferearje]]; dat dogge se troch [[respekt]] te hawwen foar syn skepping, want yn alle dingen dy't er skepen hat, sit in stikje fan syn [[geast]].
 
Oare goaden dy't yn in protte religyen fan Noardamerikaanske Yndianefolken foarkamen, wiene de [[snoadens|snoade]] [[trickster]] [[Coyote (mytology)|Coyote]], de [[magy]]ske godheid [[Raven (mytology)|Raven]], dy't yn guon gefallen sterk liket op Coyote of sels syn plak ynnimt, en de [[Tongerfûgel (mytology)|Tongerfûgel]], in godheid yn 'e foarm fan in ûnbidich grutte [[rôffûgel]] mei [[boppenatuerlike]] macht en krêften. By de [[Tarahûmara (folk)|Tarahûmara]] fan noardlik [[Meksiko]] binne de wichtichste goaden [[Raiénari]], de [[sinne]]god en beskermer fan 'e [[manlju]], en [[Mecha (goadinne)|Mecha]], de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]]goadinne en beskermster fan 'e [[froulju]].
[[File:Itzamna_e_Ixchel.JPG|left|thumb|250px|De [[Maya's|Maya]]-goaden [[Itzamná]] en [[Ixchel]].]]