God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 350:
 
Under en nei de oplizzing fan 'e [[kristlik]]e [[godstsjinst]] as ûnderdiel fan it [[Spanje|Spaanske]] [[kolonialisme]] wisten de Inka's harren oarspronklike leauwe yn 'e lânseigen goaden te behâlden troch [[synkretisme]]. Dêrby foarme de kristlike lear in tinne bedekking fan 'e oarspronklike [[natoerreligy]] en de dêrmei ferbûne ideeën en praktiken. De god Inti waard doe lykslein mei de kristlike [[God (monoteïsme)|God]] en de oare Inka-goaden mei de [[hillige]]n fan 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]]. Nettsjinsteande it feit dat no faak oare [[namme]]n en termen brûkt wurde, hat de oarspronklike Inka-religy sadwaande oan 'e dei fan hjoed ta fierhinne witten te oerlibjen.
 
====Yndiaanske religyen fan Súd-Amearika====
It leauwen yn 'e [[Himelgod]] kaam ek op ferskillende plakken yn [[Súd-Amearika]] foar. De [[Ona (folk)|Ona]] of Selk'nam [[Fjoerlân]], it súdlikste puntsje fan it [[kontinint]], leauden yn 'e oppergod [[Temakuel]], dy't him nei it skeppen fan 'e wrâld weromloek oant foarby de himelske hichten en it behear fan 'e skepping oerliet oan 'e earste Ona-[[foarfaar]], [[Kenos (Ona)|Kenos]]. De Ona foelen Temakuel dêrom net lestich mei [[gebed]]ens, mar offeren him wol eltse dei [[iten]]. Ek by de [[Mûndoerûkû (folk)|Mûndoerûkû]], in [[Yndianen|Yndiaanske]] [[stamme]] út noardwestlik [[Brazylje]], is de heechste god in foarm fan 'e [[Himelgod]]. Hy hjit [[Karukasaibe]], en waard neffens in [[myte]], nei it foltôgjen fan 'e [[skepping]], troch de [[minske]]n sa freeslik [[mislediging|misledige]], dat er him weromloek yn ûnberikber fiere [[himel]]s.
[[File:Huitzilopochtli V.png|right|thumb|180px|De [[Azteken|Azteekske]] [[oarloch]]sgod [[Huitzilopochtli]].]]
 
De [[Warikjana (folk)|Warikjana]], út súdlik [[Guyana]], oanbidde de sinnegod [[Pura]], dy't behalven skepper ek ferwuostger is en om 'e safolle tiid de [[Ierde (planeet)|ierde]] ferrinnewearret. De [[Witoto (folk)|Witoto]] fan noardwestlik Brazylje ferearje de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moannegod]] [[Moma (god)|Moma]], dy't syn eigen [[lichem]] [[offerritueel|offere]] by it skeppen fan [[knolgewaaks]]en, sadat de minsken [[iten]] hawwe soene.
 
===Polynezyske natoerreligyen===
De [[Polyneezjers]] ûntwikkelen in [[panteön]] mei in grut tal ûnderskate goaden. Guon dêrfan kamen yn hiele [[Polyneezje]] foar, wylst de fersprieding fan oaren beheind wie ta ien [[eilannegroep]]. By in gruttere fersprieding bestiene der oer it algemien regionaal ûnderskate nammen foar deselde god. Ien god dy't yn frijwol it hiele gebiet foarkaam, wie de [[trickster]] [[Māui (mytology)|Maui]], dy't ferlike wurde kin mei [[Loki]] yn 'e [[Noardske mytology]] en [[Coyote (mytology)|Coyote]] by de [[Noard-Amearika|Noardamerikaanske]] [[Yndianen]]. By de [[Maoary (folk)|Maoary]] fan [[Nij-Seelân]] en op [[Tonga]] waard er Māui neamd, op [[Hawaï]] Maui, en yn [[Samoä]] [[Ti‘iti‘i]].
[[File:Wooden_idols_of_Polynesia_(1830).jpg|left|thumb|180px|[[stânbyld|Godsbylden]] út [[Polyneezje]], fêstlein yn [[1830]].]]