God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 370:
Ek yn 'e âlde godstsjinst fan [[Tahity]], dat no diel útmakket fan [[Frânsk-Polyneezje]], bestie de twadieling tusken in heechste god en in grut tal mindere goaden. Tige nijsgjirrich is yn dit ferbân, dat doe't de earste [[Jeropa|Jeropeänen]] dêre oankamen, der in proses geande wie wêrby't de oarspronklike oppergod, [[Taaroa]], stadichoan ferfongen waard troch in nijenien, syn soan, de oarlochsgod [[Oro (god)|Oro]].
[[File:Māui_Performer_Merrie_Monarch_Parade_DSC9524.jpg|right|thumb|180px|In dielnimmer oan it [[Merrie Monarch Festival]] op [[Hawaï]], ferklaaid as de [[trickster]]-god [[Māui (mytology)|Maui]].]]
 
====Hawaïaanske religy====
Yn 'e [[Hawaïaanske religy|âlde religy]] fan [[Hawaï]] wiene der fjouwer wichtige goaden: [[Ku (god)|Ku]], [[Lono (god)|Lono]], [[Kane (god)|Kane]] en [[Kanaloa]]. Ku wie de god fan 'e [[loft]] en de [[foarâlder|stamfaar]] fan 'e hiele [[minskheid]]. Hy regearre oer de [[manlik]]e goaden en wie troud mei [[Hina (goadinne)|Hina]], de [[ierde|ierdgoadinne]], dy't regearre oer alle goadinnen. Ku hie in grut ferskaat oan manifestaasjes. Ien dêrfan wie de goedwillige god fan it [[fiskerij|fiskjen]], [[Ku-ula]] ("Ku fan 'e Oerfloedige Seeën") en oaren wiene de goaden fan 'e [[wâld]]en en fan 'e [[lânbou]]. De minsken rôpen Ku oan as de [[rispinge]] meager wie, en yn tiden fan [[drûchte]] of oare [[ramp]]en boude men in [[timpel]] om Ku tefreden te stellen. Ien fan Ku syn ysbaarlikste manifestaasjes wie [[Kukailimoku]] ("Ku de Lângriper"), de [[oarloch]]sgod dy't fereare waard troch [[Kamehameha de Grutte]] (±[[1758]]-[[1819]]), de feriener en earste ''[[ali‘i]]'' ("kening") fan it [[Keninkryk Hawaï]]. Yn 'e timpels dy't wijd wiene oan Kukailimoku waarden net allinne [[rys]]- en [[bist|biste-offers]], mar ek [[minske-offer]]s brocht.
 
Lono wie de god fan [[waar|'e eleminten]]. As [[rein (delslach)|rein]]god wie hy ferantwurdlik foar it wolslagjen fan 'e rispinge. Dêrom wied er ek god fan 'e [[fruchtberens]] en de [[frede]]. Kane skoep de earste minske út it [[grûn|stof]] fan 'e [[Ierde (planeet)|ierde]] en blies him [[libben]] yn (it [[Hawaiaansk]]e [[wurd]] foar "[[man (sekse)|man]]" is ''kane''). Neffens de [[leginde]] soene de Hawaïaanske keningen fan him [[ôfstamming|ôfstamme]] wêze. Yn 'e mande mei Ku en Lono skoep Kane ek de [[Ierde (planeet)|ierde]], de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]], de [[stjer]]ren en de [[oseaan]]. De fjirde grutte god wie Kanaloa, dy't faak yn oarloch wie mei de oare trije. Hy waard oan it haad fan 'e [[geast]]en fan 'e ierde steld doe't de [[himel]] fan 'e ierde skaat waarden. Om't dy geasten gjin ''[[kava]]'', [[ryswyn]], drinke mochten, kamen se yn [[opstân]], mar se waarden ferslein en ferdreaun nei de [[ûnderwrâld (mytology)|ûnderwrâld]], dêr't Kanaloa de hearsker oer de [[dea]]den waard.
[[File:Apollo_Anzio_Musei_Capitolini_MC286.jpg|left|thumb|130px|[[Apollo (god)|Apollo]], de [[Grykske mytology|Gryksk]]-[[Romeinske mytology|Romeinske]] god fan [[muzyk]] en [[poëzij]].]]
 
Njonken de fjouwer wichtichste goaden hiene de [[Hawaïanen]] fjirtich mindere goaden en goadinnen. Dêrûnder wienen û.m. [[Pele (goadinne)|Pele]], de goadinne fan 'e [[fulkaan|fulkanen]], en har [[suster]]s [[Poliahu]], de goadinne fan 'e [[snie]] en [[Laka (goadinne)|Laka]], de goadinne fan 'e ''[[hula]]'' (in lânseigen Hawaïaanske [[dûns]] mei [[spiritualiteit|spirituele]] konnotaasjes). Fierders wiene der [[berch]]goaden, [[haai]]egoaden en goaden foar beskate [[natoer]]ferskynsels en [[berop]]sgroepen.