God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 408:
 
De goadinne belichemet it [[froulike]], [[emoasje|emosjonele]], [[kreätiviteit|kreätive]], yrrasjonele en [[yntuysje|yntuïtive]] en it [[tinken]]. Har [[symboal]] is de [[moanne (byplaneet fan de Ierde)|moanne]], ferbûn as dy is mei de [[menstruaasje|syklus fan it froulik lichem]]. De goadinne stiet ek wol bekend as de [[Trijefâld Goadinne]], fanwegen har trije, sterk mei de [[skynfoarm]]en fan 'e moanne ferbûne manifestaasjes. De earste dêrfan is de Faam, dy't ferlike wurde kin mei de [[opgeande moanne]]. Sy stiet oan it begjin fan 'e froulike ûntwikkeling en belichemet dêrmei de soargeleazens fan 'e [[jonkheid]] en de skeppende krêften fan 'e [[natoer]]. De twadde is de Mem, te ferlykjen mei de [[folle moanne]], dy't ferbûn is mei [[fuortplanting]] en fersoarging en dy't it hichtepunt belichemet fan sawol de [[froulik]]e [[seksualiteit]], as de [[bloei]] fan 'e natoer. De trêde is de Wize Frou (of it Aldwiif), dy't ferlike wurde kin mei de [[ôfnimmende moanne]]; sy is oan 'e ein fan 'e froulike ûntwikkeling kommen en belichemet de [[wiisheid]] en mearwearde fan 'e [[âlderdom]] en de ferwoastgjende krêften fan 'e natoer.
[[File:Herakles_strangling_snakes_Louvre_G192.jpg|right|thumb|250px|De [[Grykske mytology|Grykske]] [[healgod]] [[Hearakles]] smoart as [[poppe]] de [[slangen]] dy't [[Heara]] stjoert hat om him te deadzjen. Detail op in Grykske [[faas]] yn it [[Louvre]] te [[Parys]].]]
[[File:Tetragrammaton scripts.png|right|thumb|180px|"''Jahweh''", skreaun yn (f.b.n.û.) it [[Fenisysk]], it [[Arameesk]] en it [[Hebriuwsk]].]]
 
Foar de goadinne oer yn in dualistyske relaasje stiet de god. Hy fertsjintwurdiget it [[manlike]], it [[yntelliginsje|yntellekt]], de [[rasjonalisme|rede]], de [[logika]] en it dwaan en wurdt foarsteld mei [[hoarn (anatomy)|hoarnen]]. Hy wurdt dêrom ek wol de [[Hoarnde God]] neamd. Mooglik is syn stal basearre op 'e [[Germaanske heidendom|Germaanske]] [[tonger]]god [[Thor]] (Donar), dy't ek wol mei bokkehoarnen ôfbylde waard, of op 'e [[Keltyske heidendom|Keltyske god]] fan 'e [[ûnderwrâld (mytology)|ûnderwrâld]] en oerfloed [[Sernûnnos]], dy't [[gewei|hartehoarnen]] hie. Yn elts gefal is dat stal de oarsprong fan it [[tradysje|tradisjonele]] [[kristlik]]e byld fan 'e [[duvel]], dy't ommers ek mei hoarnen en bokkepoaten ôfbylde wurdt. It symboal fan 'e Hoarnde God is de [[sinne]], it tsjinstelde fan 'e moanne.
 
Tegearre belichemje de god en de goadinne de [[seksuële polariteit]] fan it [[manlik]]e en it [[froulik]]e begjinsel, de saneamde ''logos'' en ''eros'', dy't ek yn guon oare godstsjinsten foarkomt, bygelyks yn it [[Sineeske universalisme]] as de [[yin-yang]]-[[symbolyk]]. De wicca beskôget dy beide prinsipes as ivich en lykweardich, ek al nimt de goadinne faak it wichtichste plak yn, wierskynlik as reäksje op it manlike godsbyld fan it kristendom. Fan 'e fjouwer [[elemint]]en binne [[fjoer]] en [[lucht]] manlik en ferbûn mei de god, en [[wetter]] en [[ierde]] froulik en ferbûn mei de goadinne. Mei-inoar en ferbûn mei de noch manlike, noch froulike [[geast]], it fyfde elemint, meitsje se al it libben op ierde mooglik. Hoewol't de wicca gjin [[dogma]]tyske religy is, dy't gjin regels opsteld hat en syn leauwenden neat foarskriuwe wol, is it leauwen yn 'e seksuële polariteit fan 'e god en de goadinne in absolút betingst foar oanhingers.
[[File:SpasTetragrammaton vsederzhitel sinayscripts.jpgpng|left|thumb|150px180px|In"''Jahweh''", skreaun yn (f.b.n.û.) it [[ikoanFenisysk]], fanit [[JezusArameesk]] (kristlik-tradisjoneel)|Jezusen Kristusit [[Hebriuwsk]].]]
 
==Goaden yn monoteïstyske religyen==
===Abrahamityske religyen===
====Joadendom====
It [[joadendom]] is in [[monoteïstysk]]e godstsjinst, en de âldste fan 'e [[abrahamityske religyen]]. Dizze foarm fan it monoteïsme ûntjoech him stadichoan fia [[monolatry]] en [[henoteïsme]] en troch it wurk fan [[profeten]] as [[Moazes]], [[Elía]], [[Jesaja (profeet)|Jesaja]] en [[Jeremia (profeet)|Jeremía]] út it [[Kanaänityske heidendom]], dat in [[polyteïstysk]]e [[godstsjinst]] wie. De ierste foarm fan it joadendom wurdt it [[jahwisme]] neamd. Tsjin 'e midden fan 'e [[sechsde iuw f.Kr.]] hie it fierhinne syn moderne foarm berikt, hoewol mei in [[timpel]]kultus fan [[offerritueel|offerpraktiken]] dy't yn 'e [[earste iuw]] fan 'e [[Westerske jiertelling]] abrupt beëinige waard nei [[Grutte Joadske Opstân|de ferwoastging]] fan 'e [[Timpel fan Jeruzalim]] troch [[Romeinen]] nei de mislearre [[Grutte Joadske Opstân]] fan [[66]]-[[70]].
 
It joadendom leart dat der mar ien [[God (monoteïsme)|God]] bestiet, dy't net de belicheming is fan in abstrakt oerbegjinsel, lykas yn 'e monoteïstyske foarmen fan it [[hindoeïsme]], mar in personalistysk Opperwêzen, dat [[almacht]]ich, ivich, [[alwittendheid|alwittend]], [[rûnombywêzigens|rûnombywêzich]] en [[goed]] is. Dy God, dy't [[Jahweh]] hjit (yn 'e [[Tenach]] skreaun as "YHWH"), hat himsels geandewei de [[skiednis]] oan 'e [[Joaden]] [[iepenbiering (religy)|iepenbiere]], yn 't bysûnder yn 'e tiid fan 'e [[Uttocht út Egypte]] en de [[Babyloanyske Ballingskip]]. God wurdt yn it joadendom altyd nei ferwiisd as "Hy", mar dêrmei wolle de [[rabbyn|rabbinen]] net suggerearje dat it minsklike konsept fan [[geslacht (sekse)|geslacht]] fan tapassing is op it Opperwêzen. Ynstee komt it inkeld troch it feit dat it [[Hebriuwsk]] gjin [[geslacht (grammatika)|ûnsidich geslacht]] hat, en it feit dat it Hebriuwske wurd foar "godheid" [[geslacht (grammatika)|manlik]] is. Mei in ferwizing nei de minsklike [[fuortplanting]] wurdt dat útlein trochdat God op it mêd fan 'e skepping in aktive (d.w.s. manlike) krêft is ynstee fan in passive (froulike) krêft.
[[File:Spas vsederzhitel sinay.jpg|right|thumb|150px|In [[ikoan]] fan [[Jezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)|Jezus Kristus]].]]
 
====Samaritanisme====
It [[samaritanisme]], de nasjonale [[godstsjinst]] fan 'e ferskate hûnderten oerbleaune [[Samaritanen]] (dy't tsjintwurdich ta de [[Palestinen]] rekkene wurde), hat him yn 'e [[achtste iuw f.Kr.]], ûnder de [[Assyryske Ballingskip]] (net te betiizjen mei de lettere [[Babyloanyske Ballingskip]]), ûntjûn út 'e [[joadendom|joadske]] of [[jahwisme|jahwistyske]] religy. De Samaritanen leauwe yn deselde [[God (monoteïsme)|God]] ([[Jahweh]]) as de joaden en erkenne de joadske [[profeten]]. It leauwen yn 'e ienheid fan God is absolút.