Earste Konsily fan Niseä: ferskil tusken ferzjes

L
red
L (red)
L (red)
It konsily waard benammen byien roppen fanwege de ûnrêst dy't ûntstien wie troch de lear fan [[Arianisme|Arius]]. Yn Niseä waard de kearn fan de belidenis fan it kristlik leauwen ta stân brocht dy't letter op it [[Konsylje fan Konstantinopel]] fan [[381]] opkreaun en oanfold wurde soe. De belidenis fan it leauwen steunde ûnder oaren op de [[fersoeningslear|lear fan de fersoening]] fan [[Irenaeus]], en dêrtroch op it leauwen yn de [[erfsûnde]], en yn it bestean fan ien [[God]]. It [[Alde Testamint]] waard net fersmiten en de God fan [[Jezus]] waard lyksteld mei de God fan it Alde Testamint, JHWH. De godlike natuer fan Jezus waard opnij befestige, wylst it idee dat Jezus de heechste skepping wie, lykas de Arianen leauden, fersmiten waaard. Op it konsily fan Konstantinopel, soe letter ek de posysje fan de [[Hillige Geast]] as tredde persoan fan [[God]] fêstlein wurde, wêrmei't de lear fan de [[triniteit]] fêstlein waard.
 
Op it konsily spile [[AthanasiusAtanasius]] in wichtige rol by it bestriden fan it Arianisme. Op syn foarstel waard de Grykske term 'homo-oesios' (fan deselde substânsje) foar de natuer fan de Soan ynfierd, om de wêzens-ienheid fan God de Heit en syn soan Jezus Kristus ta útdrukking te bringen. Der wienen mar twa biskoppen dy't wegeren om it beslút te ûndertekenjen. Trije oaren, benammen Eusebius fan Nikomedia, makken in foarbehâld, dêr't noch in heale iuw oer striden wurde soe. It "leauwen fan Niseá" soe de dogmatyske fûnemint bliuwe foar alle oare konsyljes fan de tsjerke.
 
By dit konsily waard ek de datum foar [[Peaske]] fêstlein. It waard: de earste sneon nei de folle moanne nei de [[maitiid-eveningmaitydsevening]]. Kristenen dy't fêsthâlden oan de Joadske berekkeningswize waarden [[kwartodesimanen]] neamd.
 
Boppedat waard de earenamme [[patriarch]] takend oan de fjouwer biskoppen fan de wichtigste stêden yn it kristlik [[Romeinske Ryk]]: [[Rome (stêd)|Rome]], [[Antiochje]], [[Aleksanderje]] en [[Jeruzalim]].