God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 424:
 
====Samaritanisme====
It [[samaritanisme]], de nasjonale [[godstsjinst]] fan 'e ferskate hûnderten oerbleaune [[Samaritanen]] (dy't tsjintwurdich ta de [[Palestinen]] rekkene wurde), hat him yn 'e [[achtste iuw f.Kr.]], ûnder de [[Assyryske Ballingskip]] (net te betiizjen mei de lettere [[Babyloanyske Ballingskip]]), ûntjûn út 'e [[joadendom|joadske]] of [[jahwisme|jahwistyske]] religy. De Samaritanen leauwe yn deselde [[God (monoteïsme)|God]] ([[Jahweh]]) as de joaden en erkenne de joadske [[profeten]]. It leauwen fan 'e Samaritanen yn 'e ienheid fan God is absolút.
 
====Kristendom====
It [[kristendom]] ûntwikkele him yn 'e [[earste iuw]] fan 'e [[Westerske jiertelling]] út it joadendom troch de lear fan benammen de [[apostel]] [[Paulus (apostel)|Paulus]], dy't weromgie op it wurk fan [[Jezus (histoarysk)|Jezus fan Nazaret]]. De measten en grutsten fan 'e withoefolle kristlike streamings leauwe oangeande it aard fan [[God (monoteïsme)|God]] yn it [[dogma]] fan 'e [[Hillige Trije-ienheid]], dat hawwe wol dat God bestiet út trije ûnderskate mar gelikense, godlike Persoanen, werby't elts fan dy Persoanen God sels is. De Trije-ienheid omfettet [[God de Heit]] (God), [[God de Soan]] (dy't [[Jezus (kristlik-tradisjoneel)|Jezus Kristus]] is) en de [[Hillige Geast]]. De krekte ûnderlinge relaasjes fan 'e trije Persoanen fan 'e Trije-ienheid hawwe yn 'e [[skiednis]] fan it kristendom oanlieding jûn ta frijwat striid. Sa hongen de measte iere kristlike [[teologen]] it [[subordinasjonisme]] oan, dat stelde dat God de Heit superieur wie oan God de Soan, en God de Soan oan 'e Hillige Geast. Dat leauwe waard lykwols yn 'e [[fjirde iuw]] op it [[Earste Konsylje fan Niseä]] ta [[ketterij]] ferklearre. Ek tsjintwurdich noch binne der kristenen (de saneamde [[unitarisme|unitaarjers]] of [[anty-trinitarisme|anty-trinitaarjers]]) dy't de Trije-ienheid ôfwize en inkeld in ûnopdielde God akseptearje.
[[File:Švenčiausioji_Trejybė.jpg|left|thumb|200px|De [[Hillige Trije-ienheid]] fan it [[kristendom]], skildere yn [[1756]]-[[1758]] troch [[Szymon Czechowicz]]. Rjochts [[God (monoteïsme)|God de Heit]], lofts [[Jezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)|God de Soan]] en boppe harren, yn 'e foarm fan in [[do (fûgel)|do]], de [[Hillige Geast]].]]
 
[[Kristen]]en sjogge it [[hielal]] as in elemint yn 'e aktualisearring fan God, en de Hillige Geast as de godlike essinsje dy't de ienheid tusken Heit en Soan bekrêftiget. Neffens [[teolooch]] [[George Hunsinger]] rjochtfeardiget de [[doktrine]] fan 'e Hillige Trije-ienheid de kristlike [[earetsjinst]] yn 'e [[tsjerke]], dêr't Jezus Kristus behannele wurdt as in god op himsels mei it [[krusifiks|kristlike krús]] as syn [[symboal]]. Krekt as de opbou fan 'e Trije-ienheid is ek de krekte natuer fan Jezus Kristus in dreech ûnderwerp yn it kristendom, dat yn it [[ferline]] gauris laat hat ta [[rûzje]] en [[leauwensferfolging]]. It heikele punt wie dêrby de fraach oft Jezus in minsklike natuer hat, in godliken-ien of ien dy't sawol minsklik as godlik is. It [[Konsylje fan Galsedon]] ferklearre yn [[451]] dat "yn ien persoan, Jezus Kristus, de folsleinens fan godlikens en de folsleinens fan minsklikens feriene binne, mei't de feriening fan 'e natueren sa wie dat se noch ferdield, noch betize wurde kinne." Neffens it [[Nije Testamint]] fan 'e kristlike [[Bibel]] is Jezus Kristus de selsiepenbiering oan 'e minskheid fan 'e iene, wiere God, sawol yn syn lear as yn syn persoan.
 
====Mandeïsme====
It [[mandeïsme]] is de nasjonale [[godstsjinst]] fan 'e [[Mandeeërs]], in [[etnyske groep]] út it suden fan [[Irak]]. It ûnstie yn 'e earste iuwen fan 'e [[Westerske jiertelling]] yn [[Mesopotaamje]] en giet nei alle gedachten fierhinne werom op 'e lear fan 'e [[profeet]] [[Jehannes de Doper]], dy't yn it [[kristendom]] sjoen wurdt as paadtarieder fan [[Jezus (kristlik-tradisjoneel)|Jezus Kristus]]. It mandeïsme is in [[gnostisisme|gnostyske]] [[religy]] mei in sterk [[dualisme (religy)|dualistyske]] ynslach.
[[File:Istanbul_027_(6445021161).jpg|right|thumb|180px|Om't it yn 'e [[islaam]] ferbean is om ôfbyldings fan God te meitsjen, befetsje [[moskee]]ën faak skreaune foarmen fan 'e namme ''Allāh'', lykas hjir yn 'e [[Hagia Sofia (Istanbûl)|Hagia Sofia]] yn [[Istanbûl]].]]
 
Hoewol't de Mandeeërs sels der nea net folle oer sizze wollen hawwe, wurdt harren godstsjinst neffens de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[kultureel]] [[antropologe]] [[E.S. Drower|lady E.S. Drower]] karakterisearre troch it leauwe yn in foarmleas en almachtich Opperwêzen, dat deselde is as de [[God (monoteïsme)|God]] fan it [[joadendom]] en it [[kristendom]]. God wurdt yn [[tiid]] en [[romte]] útdrukt troch de skepping fan [[spiritualiteit|spirituele]] en [[matearje|materiële]] wrâlden en wêzens. De fysike skeppingsdie wurdt troch God oerlitten oan legere skeppers dy't út God fuortkomme. Dat liedt ta in dualistysk leauwe yn in kosmyske Heit en Mem, dy't foar [[ljocht]] en [[tsjuster]], rjochts en lofts, ensfh. steane.