God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 437:
 
Hoewol't de Mandeeërs sels der nea net folle oer sizze wollen hawwe, wurdt harren godstsjinst neffens de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[kultureel]] [[antropologe]] [[E.S. Drower|lady E.S. Drower]] karakterisearre troch it leauwe yn in foarmleas en almachtich Opperwêzen, dat deselde is as de [[God (monoteïsme)|God]] fan it [[joadendom]] en it [[kristendom]]. God wurdt yn [[tiid]] en [[romte]] útdrukt troch de skepping fan [[spiritualiteit|spirituele]] en [[matearje|materiële]] wrâlden en wêzens. De fysike skeppingsdie wurdt troch God oerlitten oan legere skeppers dy't út God fuortkomme. Dat liedt ta in dualistysk leauwe yn in kosmyske Heit en Mem, dy't foar [[ljocht]] en [[tsjuster]], rjochts en lofts, ensfh. steane.
 
====Jazdânisme====
It [[jazdânisme]] is in koepelnamme foar wat faak sjoen wurdt as de pre-[[islam]]ityske godstsjinsten fan 'e [[Koerden]]. Njonken it [[jarsanisme]] en [[isjikisme]] giet it dêrby fral om it [[jezidisme]], de [[monoteïstysk]]e [[religy]] fan 'e [[Jezidys]], in [[etnysk]]e en [[religieuze]] [[minderheid]] yn noardlik [[Irak]]. Hja leauwe yn ien [[God (monoteïsme)|God]], dy't de wrâld skepen hat en dêrnei tabetroud oan in 'heptade' fan sân [[hilligens|hillige]] [[organisme|wêzens]], dy't faak [[ingel]]s neamd wurde of oars omskreaun wurde as ''heft sirr'' ("de Sân Mystearjes"). De nammen fan dy wêzens of ingels binne: [[Azazil|Azaz’il]], [[Gabriël (aartsingel)|Ǧabra’il]], [[Michael (aartsingel)|Micha’il]], [[Rafael (aartsingel)|Rafa’il]] (of Israfil), [[Dadrael|Dadra’il]], [[Azraïl|Azrafil]] en [[Sjamsiël|Šamkil]] (of Šemna’il). De wichtichste fan harren is [[Tawûsê Melek]] (yn [[Westerske wrâld|Westerske]] [[publikaasje]]s faak "Melek Taûs" neamd), de 'Pau-Ingel', dy't mei ien fan 'e sân wêzens identifisearre wurdt.
[[File:Allah3.svg|left|thumb|130px|It [[Arabysk]]e [[wurd]] "Allāh" yn [[kalligrafy]].]]
 
Tawûsê Melek wurdt troch de Jezidys sjoen as in soarte fan [[steedhâlder]] fan God, dy't assistearre troch de oare seis ingels of wêzens de wrâld regearret. Troch [[kristenen]] en [[moslims]] wurdt er faak lykslein mei [[Satan]], de [[duvel]]. [[Fûnemintalisme|Fûnemintalistyske]] moslims sjogge de Jezidys sadwaande as [[satanisme|duveloanbidders]], wat ta in protte [[pogrom]]s en oare foarmen fan [[leauwensferfolging]] laat hat, lykas de [[Jezidyske Genoside]] fan [[2014]]. Jezidys leauwe lykwols net dat Tawûsê Melek de boarne fan it [[kwea]] is en beskôgje him as in lieder fan 'e [[aartsingel]]s ynstee fan as in [[fallen ingel]]. Se nimme der dan ek djippe [[oanstjit]] oan om omskreaun te wurden as 'duveloanbidders'.
 
====Islaam====
De [[islaam]] is nei it [[joadendom]] en it [[kristendom]] de trêde grutte [[abrahamityske religy]], dy't om [[610]] hinne ûntstie út 'e hommelse godlike [[iepenbiering (religy)|iepenbiering]] fan 'e [[Mekka]]anske [[profeet]] [[Mohammed]]. De islaam leart dat der mar ien [[God (monoteïsme)|God]] is, dy't almachtich, ivich, alwittend, rûnombywêzich en goed is. Hy wurdt yn it [[Arabysk]] '[[Allāh]]' (letterlik: "De God") neamd wurdt. Ek [[moslims]] mei in oare [[memmetaal]] as it Arabysk neame harren God 'Allāh', sadat it liket as is dat in [[eigennamme]]. Dat is lykwols net sa. De absolute ienheid fan God is ien fan 'e útgongspunten fan 'e islaam en stiet folslein bûten kiif. It earste en wichtichste part fan 'e [[islamityske leauwensbelidenis]], de ''šahādah'', is: "der bestiet gjin ''’ilāh'' ["god"] behalven ''Allāh'' ["God"]". Islamityske [[teologen]] sjogge de Trije-ienheid fan God sa't dy yn it [[kristendom]] preke wurdt, sadwaande eins as in bedutsen soarte fan [[polyteïstysk]]e [[ketterij]].
[[File:Ringstone.svg|right|thumb|250px|It saneamde 'ringstien'-[[symboal]] stiet yn it [[bahaïsme]] foar de bân fan 'e minskheid mei [[God (monoteïsme)|God]].]]
 
====Bahaïsme====
It [[bahaïsme]], dat yn 'e [[njoggentjinde iuw]] yn [[Perzje]] ûntstie út 'e islaam, erkent krekt as de oare [[abrahamityske religyen]] mar ien [[God (monoteïsme)|God]], dy't krekt as yn 'e islaam ûndielber is. Dy God is de [[skepper-god|skepper]] fan alles yn it [[hielal]]. It hielal sels en it [[bestean fan God]] wurde beskôge as ivich, sûnder begjin of ein. God is te grut en swiid om troch it [[minsklik]] [[ferstân]] befieme wurde te kinnen. Hoewol't er yn it bahaïsme beskôge wurdt as net direkt tagonklik foar de leauwenden, leart it bahaïsme ek dat er him likegoed bewust is fan en bekroadet om syn skepping, wat ta utering komt yn it stjoeren fan boadskippers: de [[profeten]].