God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
+
Rigel 450:
====Bahaïsme====
It [[bahaïsme]], dat yn 'e [[njoggentjinde iuw]] yn [[Perzje]] ûntstie út 'e islaam, erkent krekt as de oare [[abrahamityske religyen]] mar ien [[God (monoteïsme)|God]], dy't krekt as yn 'e islaam ûndielber is. Dy God is de [[skepper-god|skepper]] fan alles yn it [[hielal]]. It hielal sels en it [[bestean fan God]] wurde beskôge as ivich, sûnder begjin of ein. God is te grut en swiid om troch it [[minsklik]] [[ferstân]] befieme wurde te kinnen. Hoewol't er yn it bahaïsme beskôge wurdt as net direkt tagonklik foar de leauwenden, leart it bahaïsme ek dat er him likegoed bewust is fan en bekroadet om syn skepping, wat ta utering komt yn it stjoeren fan boadskippers: de [[profeten]].
 
===Sikhisme===
It [[sikhisme]] heart ta de [[Yndyske religyen]], mar is in [[monoteïstysk]]e [[godstsjinst]], dy't leart dat [[God (monoteïsme)|God]] almachtich, alwittend en rûnombywêzich is. De [[hilligens|hillige]] [[tekst]] fan 'e sikhs, de ''[[Gurū Granth Sāhib]]'', stelt dat der mar ien God is, dy't it [[hielal]] skepen hat. Ek stiet skreaun dat God de "Unferoarlike Wierheid" is, dy't gjin [[eangst]], noch [[haat]], noch [[dea]], noch [[berte]] ken. Neffens de stifter fan it sikhisme, [[goeroe]] [[Nanak (goeroe)|Nanak]], is it begryp fan God foar de minske ûnmooglik, mar is God tagelyk ek wer net folslein ûnkenber. Mei't God oanwêzich is yn syn hiele skepping, is er oeral te sjen foar lju dy't [[spiritualiteit|spiritueel]] 'ûntwekke' binne. Nanak lei der de klam op dat God oanskôge wurde moat mei it 'ynderlike each' of it 'hert' fan 'e minske. Leauwenden moatte [[meditaasje]] dwaan en de leauwensregels neifolgje om ta [[iepenbiering (religy)|ferljochting]] te kommen. As dy steat ienris berikt is, wurdt [[kommunikaasje]] tusken God en minske mooglik.
[[File:Lightning_cloud_to_cloud_(aka).jpg|left|thumb|250px|De [[Grikelân|Grykske]] [[filosoof]] [[Demokritus]] wie fan tinken dat it leauwen yn goaden foar it earst by [[minske]]n op kaam doe't se skynber ûnferklearbere [[natoer]]ferskynsels oan-skôgen, lykas de [[wjerljocht]].]]
 
==Wittenskiplike ynterpretaasje==
Al fan 'e [[Grykske Aldheid]] ôf hawwe [[filosofen]] besocht om it [[minsklik]] [[leauwe]] yn goaden [[rasjonalisme|rasjoneel]] út te lizzen. De [[Grikelân|Grykske]] filosoof [[Demokritus]] riddenearre yn 'e [[fjirde iuw f.Kr.]] dat godheden betocht waarden doe't de primitive minsken [[natoer]]ferskynsels lykas [[tonger]], [[wjerljocht]], [[sinnefertsjustering]]s en de [[jiertiid|seizoenewiksel]] seagen en dy besochten te ferklearjen. Yn 'e [[trêde iuw f.Kr.]] hold de Grykske [[wittenskipper]] [[Euhemearus]] út dat alle goaden fan oarsprong minsklike, [[stjerlikens|stjerlike]] [[kening]]en west hiene, dy't [[postúm]] [[fergoading|fergoade]] wiene. Neffens him wie it ferskynsel '[[religy]]' sadwaande neat oars as de fuortsetting fan it stjerlike [[regear]] fan sokke keningen, in teory dy't sûnt bekend stiet as it [[euhemerisme]]. Yn 'e [[tweintichste iuw]] woe de [[psychiater]] [[Sigmund Freud]] hawwe dat jins [[godsbyld]] eins in [[psyche|psychyske]] projeksje fan jins [[heit]] is.
[[File:Xipe Totec Ceramic (AMNH).jpg|right|150px|thumb|Libbensgrut [[keramyk|keramysk]] [[stânbyld]] fan 'e [[Azteken|Azteekske]] god [[Xipe Totec]] fûn by [[Texcoco]].]]
 
Lykwols soe it skoan kinne dat in niging ta it leauwen yn goaden en oare [[boppenatuerlik]]e [[mytysk wêzen|wêzens]] in yntegraal ûnderdiel útmakket fan it [[minsklik]] [[bewustwêzen]]. Neffens ûndersyk fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[psycholooch]] [[Justin L. Barrett]] út [[2012]] hingje [[bern (persoan)|bern]] der fan natuere ta oer om te leauwen yn boppenatuerlike wêzens, lykas goaden, [[geast]]en en [[demoanen]], sels as se [[opfieding|grutbrocht]] wurde frij fan lykfol hokker [[yndoktrinaasje]] yn in beskate [[religieuze]] [[tradysje]].