God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+
L klear
Rigel 1:
{{Wurk}}
 
[[File:MANNapoli_6705_creation_of_the_man_sarcophagus.jpg|right|thumb|350px|In [[4e-iuwsk]]e [[Romeinen|Romeinske]] [[sarkofaach]] mei dêrop ôfbylde de [[skepping]] fan 'e [[minske]] troch de god [[Prometeus]]. De goaden [[Jupiter (god)|Jupiter]], [[Neptunus (god)|Neptunus]], [[Merkuerius (god)|Merkuerius]], [[Juno (goadinne)|Juno]], [[Apollo (god)|Apollo]] en [[Fulkanus]] sjogge ta.]]
{{Oar|it begryp 'god' yn it algemien|God (betsjuttingsside)}}
Line 446 ⟶ 444:
====Islaam====
De [[islaam]] is nei it [[joadendom]] en it [[kristendom]] de trêde grutte [[abrahamityske religy]], dy't om [[610]] hinne ûntstie út 'e hommelse godlike [[iepenbiering (religy)|iepenbiering]] fan 'e [[Mekka]]anske [[profeet]] [[Mohammed]]. De islaam leart dat der mar ien [[God (monoteïsme)|God]] is, dy't almachtich, ivich, alwittend, rûnombywêzich en goed is. Hy wurdt yn it [[Arabysk]] '[[Allāh]]' (letterlik: "De God") neamd wurdt. Ek [[moslims]] mei in oare [[memmetaal]] as it Arabysk neame harren God 'Allāh', sadat it liket as is dat in [[eigennamme]]. Dat is lykwols net sa. De absolute ienheid fan God is ien fan 'e útgongspunten fan 'e islaam en stiet folslein bûten kiif. It earste en wichtichste part fan 'e [[islamityske leauwensbelidenis]], de ''šahādah'', is: "der bestiet gjin ''’ilāh'' ["god"] behalven ''Allāh'' ["God"]". Islamityske [[teologen]] sjogge de Trije-ienheid fan God sa't dy yn it [[kristendom]] preke wurdt, sadwaande eins as in bedutsen soarte fan [[polyteïstysk]]e [[ketterij]].
[[File:Ringstone.svg|right|thumb|250px|It saneamde 'ringstien'-[[symboal]] stiet yn it [[bahaïsme]] foar de bân fan 'e minskheid mei [[God (monoteïsme)|God]].]]
 
====Bahaïsme====