Tornado: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
red
Rigel 6:
In tornado ûntstiet ûnder in sterke fertikale loftstream nei boppen ta yn in buoiewolk. De rotaasje kin ûndeerdiel wêze fan in rotaasje fan de heule buoi, dy't yn dat gefal dan [[supersel]] neamd wurdt. De rotaasje fan in supersel wurdt in [[mesosykloan]] neamd. Dêrneist kinne ek tornado's foarkomme dy't net mei in rotaasje fan de heule buoi gearhingje, of by buoiewolkens dy't net yn harren gehiel rotaerje. Yn it lêste gefal binne se faak net sa krêftich en wurde se faak [[wynhoas]] neamd.
 
De krêftichste tornado's komme foar by [[supersel]]buoien. Dizze buoien hawwe in rotearjende stiichstroomstiichstream en foarmje har meastentiids as de wynsnelheid yn de atmosfear sterk tanimt mei de hichte. Betingst foar it ûntstean fan dizze — en oare fûle — tongerbuoien is dat de temperatuer sterk ôfnimt mei de hichte, wylst der by it ierdoerflak fochtige loft oanwêzich is, loft dy't in soad [[wetterdamp]] befet. As de wetterdamp yn de stiichstream fan de buoi kondinsearret ta wetterdrippen, komt waarmte frij dy't derfoar soarget dat de stiichstream waarmer bliuwt as syn omjouwing en dêrtroch yn stân bliuwt. Waarme loft set út en stiichgtstiicht op troch de [[Liftkrêft|opwertse krêft]].
 
De rotaasje om in fertikale as yn in [[supersel]] ûntstiet troch it kanteljen fan de rotaasje (of krekter: [[fortisiteit]]) om in horizontale as, dy't oanwêzich is yn in streaming wêryn't de wynsnelheid mei de hichte feroaret. DErDat ferklearret wêrom't foar de sterkste tornado's dy't mei supersellen gearhingje, hieltiten in sterke feroaring fan de wynsnelheid mei de hichte oanwêzich is.
 
Tornado's komme relatyf faak foar yn it sintrale diel fan de [[Feriene Steaten]], gemiddeld sa'n tûzen yn it jier. De measte binne net sterk, mar sommige wol. It gebiet dat wol Tornado Alley neamd wurdt, fan midden-[[Texas (steat)|Texas]] oant it easten fan [[Nebraska]] en [[Iowa (steat)|Iowa]] hat der it measte mei te krijen, benammen yn de moannen april, maaie en juny.
 
Fochtige waarme loft streamt út de Golf fan Mexico wei nei it noarden ta en skoot oer de Tornado Alley ûnder in loftlaach kommend út [[Mexico (lân)|Mexico]] en de [[Rocky Mountains]], wêryn't de temperatuer sterk ôfnimt mei de hichte. Sa wurdt oan de twa kondysjes foar sterke tongebuoientongerbuoien foldien. Dêrby komt, dat der in súdlike wyn waait, wêrfan de snelheid flak boppe it ierdoerflak sterk tanimt mei de hichte. Dit wurdt in [[low level jet]] neamd. Op sa'n 5 kilometer hichte waait dêrby in sterke westlike wyn. Dit [[romjende wyn|romjen]] fan de wyn mei de hichte levert in ekstra bydrage ata it ûntstean fan rotaasje yn de eventuele buoien dy't ûntstean.
 
It is faak mooglik om gebieten wêryn tornado's foarkomme sille in oantal dagen oant oeren foarôf oan te wizen. It krekte plak en tiid binne lykwols net te foarsizzen.
 
Minsken dy't meastal foar de kick om tornado's en/of swiere tongerbuoien sykje wurde tornadojagers of ''stormchasers'' (meast yn de [[Feriene Steaten]]) neamd. Guon tornadojagers binne wittenskippers dy't mjittings dwaan wolle fan temperatuer, druk en loftfochtichheid yn de direkte omjouwing fan in tornado, en de tornado mei in radar scanne. Hjirmei hoopje se it ûntstean fan tornado's, dêr't noch in soad ûndúdlik oer is, better te begripen.
 
== Tornado's yn Nederlân ==
Rigel 25:
* [[23 augustus]] [[1950]] op de [[Feluwe]]. Dizze tornado hie in spoar fan 46 kilometer lingte en feroarsake in soad skea oan de pleatslike bosken. Der foelen gjin slachtoffers.<ref>[http://www.knmi.nl/cms/content/22605/een_eeuw_windhozen Een eeuw windhozen], [[Koninklijk Nederlands Meteorologisch Instituut|KNMY]]</ref>
* [[27 maart]] [[1966]] yn [[Winterswyk]], it Winterswykse Feestgebou oan de Haitsma Mulierwei waard ferwoaste. Ek yn de omjouwing fan it Feestgebou rjochte de wynhoas in soad skea oan. Oan de Wilhelminastrjitte, de Groenlosewei en Morgenzonweg waaiden dakken hielendal of gedieltlik fuort, lykas it dak fan de kantine fan fuotbalferiening WVC.
* [[6 oktober]] [[1981]] - Op dizze dei kamen 18 minsken om, doe't in fleantúch op wei fan Rotterdam Airport nei Hamburg yn de buert fan Moerdijk yn in tornado fleach ([[NLM Cityhopper-flecht 431|fleantúchûngelok Moerdijk]]). Alle 17 ynsittenden en ien persoan op de grûn kamen om it libenlibben.
 
In histoaryske tornado dêr't de spoaren oant hjoed de dei fan te sjen binne is de tornado dy't yn de [[simmerstoarm fan 1674|simmerstoarm fan 1 augustus 1674]] de [[Dom fan Utert]] trof. It [[skip (boukeunst)|middenskip]] fan de tsjerke stoarte yn en sûnttiids stiet de Domtoer los fan de tsjerke. De brokstikken bleaunen noch lang lizzen, mar nei oprêden hjirfan is dat plak it [[Domplein]] oanlein.