Gerrit Nicolaas Mulier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
sa mar
[[]] oars
Rigel 4:
Mulier, lid fan de famylje [[Mulier (laach)|Mulier]], wie in soan fan mr. dr. Dirk Mulier (1754-1791), Deputearre fan Fryslân en drossaard fan it markizaat fan Bergen op Soom, en Catharina de With (1758-1798). Hy wie in omkesizzer fan mr. [[Frederik de With]], [[List fan grytmannen fan East-Dongeradiel|grytman fan East-Dongeradiel]].
 
Mulier studearre Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan de [[Ryksuniversiteit Grins|Grinzer Hegeskoalle]] en promovearre yn 1811. Yn 1813 wie er ''ad interim'' [[Maire (boargemaster)|maire]] fan [[Stynsgea]]. Hy fêstige him as [[Advokaat (berop)|advokaat]] yn Ljouwert. Hy wie dêr fâd fan de Steds Earmekeamer (1820-1823) en kontroleur fan ryks belestingen (1824-1825).
 
Mulier wie ek warber yn de polityk. Hy waard lid fan de [[Provinsjale Steaten fan Fryslân]] yn 1831. Fan 24 maart 1835 oant 17 oktober 1836 wie er lid fan de [[Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal]]. Yn 1840 kaam er werom yn de provinsjale polityk en wie fan 1846 oant 1851 ek [[gemeenteriedslid]] yn Ljouwert.