God: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 459:
Lykwols soe it skoan kinne dat in niging ta it leauwen yn goaden en oare [[boppenatuerlik]]e [[mytysk wêzen|wêzens]] in yntegraal ûnderdiel útmakket fan it [[minsklik]] [[bewustwêzen]]. Neffens ûndersyk fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[psycholooch]] [[Justin L. Barrett]] út [[2012]] hingje [[bern (persoan)|bern]] der fan natuere ta oer om te leauwen yn boppenatuerlike wêzens, lykas goaden, [[geast]]en en [[demoanen]], sels as se [[opfieding|grutbrocht]] wurde frij fan lykfol hokker [[yndoktrinaasje]] yn in beskate [[religieuze]] [[tradysje]].
 
De minske hat in oeraktyf systeem foar it waarnimmen fan oarsaken fan foarfallen, wêrby't de niging bestiet om te konkludearjen dat foarfallen feroarsake binne troch [[yntelligint]]e entiteiten sels as dat net sa is. Dat is in systeem dat [[evolúsjeteory|evoluëarre]] wêze kin as ferdigeningsmeganisme tsjin [[bedriging]]s yn in tiid dat de primitive [[foarâlden]] fan 'e [[homo sapiens|moderne minske]] noch 'yn it wyld' libben en [[jacht (aktiviteit)|bejage]] waarden troch gefaarlike [[rôfdier]]en. Immen dy't yn sa'n sitewaasje oeral yntelliginte en pontinsjeelpotinsjeel gefaarlike wêzens seach, libbe grif langer as immen dy't gjin acht sloech op 'e eventuele oanwêzigens fan sokke wêzens.
 
Minsken hingje der fierders ek ta oer om [[teleology]]sk te [[tinken]] troch betsjutting ta te kennen oan harren om-en-by. Dat is in [[karakter]]trek dy't liede kin ta it leauwen yn in [[skepper-god]]. [[Psychologen]] hawwe it derop dat dy niging ûnwikkele is as byprodukt fan 'e minsklike [[maatskiplik|sosjale]] [[yntelliginsje]], it fermorgen om gewaar te wurden wat oare minsken tinke.