Sikke fan Goslinga: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Rigel 47:
 
== Anekdoate ==
[[Ofbyld:Grafmonument van J.B.Xavery, anno 1737 - Dongjum - 20059500 - RCE.jpg|thumb|left|175px|Grêfmonumint yn de [[Donatustsjerke (Doanjum)|tsjerke fan Doanjum]] (1737)]]
[[Waling Dykstra]] wit yn syn ''[[Uit Friesland's Volksleven]]'' ([[1895]]) oer him noch de folgjende anekdoate te fertellen. As deputearre te fjilde ûnderhold Fan Goslinga geregeldwei in briefwikseling mei syn freon [[Sjuck fan Burmania Rengers|Sjuck fan Burmania]]. Dat died er yn it [[Frysk]], mar skreaun yn [[Gryksk skrift|Grykske lettertekens]]. Ferskate fan dy brieven waarden ûnderskept troch de Frânsen, mar dy koene der gjin wiis út wurde.
 
Letter, ûnder Fan Goslinga syn ferbliuw oan it Frânske Hôf, kaam dit ûnderwurp in kear te praat mei kardinaal [[Armand Jean du Plessis, hartoch fan Richelieu|Richelieu]], de Frânske earste minister. Dy murk dêrby op dat men nea in kaai ta syn koade fine kinnen hie, wêrop't Fan Goslinga antwurde dat der ek gjin kaai wie. Dykstra: ''"Hiervan bleef lang het spreekwoord in gebruik: «Der wier nin kaei fen, sei Sikke.»"''<ref>Dykstra, Waling, ''Uit Friesland's Volksleven'', s. 77.</ref>
{{clear}}
 
== Wurk ==
* {{fr}} {{aut|Goslinga, S. van}} (1857) ''Mémoires relatifs à la Guerre de succession de 1706-1709 et 1711, de Sicco fan Goslinga, publiés par mm. U. A. Evertsz et G. H. M. Delprat, au nom de la Société d’histoire, d’archéologie et de linquistique de Frise'', (Utjûn fan [[G.T.N. Suringar]], 1857)