Ferskil tusken ferzjes fan "Seisbierrum"

32 bytes grutter ,  8 moannen lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (st)
Sûnt [[1987]] hat Seisbierrum de piramide fan [[Aeolus (mytology)|Aeolus]] (god fan de wyn). Aeolus is destiids boud as wyn-attraksje park en besikerssintrum fanwege it nije wynmole-eksperiminteel park tichtby Seisbierrum (feitlik op de himrik fan [[Easterbierrum]]).
 
Seisbierrum waard yn it ferline ek wol neamd: ''Sixtabarra'' en ''Sixtusburen''. De [[Nederlânske Herfoarme Tsjerke]] fan Seisbierrum út de [[12e iuw]] is noch altyd wijd oan de [[Paus Sikstus II|Hilligehillige Sikstus]]. Dat waard folksetymologysk fannijs útlein as ''sekx'', [[Aldfrysk]] foar ''seis''; de Nederlânske namme is dan ek itselde as de Aldfryske. Ut dy let-midsiuwske foarm ûntstie de moderne Fryske namme ''Seisbierrum''. It doarp wurdt om it jier [[600]] al neamd.
 
Yn [[2010]] hat de [[Sixtustsjerke (Seisbierrum)|Sixtustsjerke]] in [[sânstien]]nen byld fan de hillige Adelbert út de [[14e iuw]] weromkrige. It midsiuwske [[hilligebyld]] stie op in koarstek dat mei de [[byldestoarm]] fernield rekke. It byld hat gjin holle mear. It is yn 1960 weromfûn yn in tún by de tsjerke. It byld is op in sokkel yn de muorre fan de tsjerke delset.
 
Seisbierrum foarmet mei [[Pitersbierrum]] in soarte dûbeldoarp, meidat beide doarpen de lêste 60 jier oan inoar groeid binne en ek fierder mei inoar ferweve binne. Doe't it [[gemeentehûs]] yn it dûbel-doarp kaam is ek fuortendaliks de skiedsline tusken beide doarpen in lytse hûndert meter opskood om der foaral foar te soargjen dat it gemeentehûs yn Seisbierrum kaam te stean.
6.371

bewurkings