Double Falsehood: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Holder (oerlis | bydragen)
L corr using AWB
st
 
Rigel 40:
It stik set útein as Henriquez, de jongste fan 'e beide soannen fan hartoch Angelo, syn selskipsman Julio nei syn heite hof ta stjoerd. Julio, dy't sadwaande syn hofmakkerij fan Leonora ûnderbrekke moat, freget Henriquez om ûnder syn ôfwêzigens te helpen en oertsjûgje Leonora om mei him te trouwen. De trochtrape Henriquez stimt dêryn ta, mar hat ûnderwilens hiele oare plannen. Nei't er Violante, in kreas en deugdsum pleatslik fanke fan gewoan komôf, [[ferkrêfting|ferkrêfte]] hat, set er útein mei Leonora sels it hof te meitsjen (it dûbele bedroch út 'e titel). Hoewol't Leonora sels alhiel ôfkearich fan him is, liket it har heit Bernardo skoan ta om 'e soan fan in hartoch as skoansoan te hawwen. Julio, dy't warskôge is troch in brief fan Leonora, arrivearret krekt op 'e tiid om in houlik tsjin te hâlden. As er Henriquez útdaget ta in [[duël]], wurdt er lykwols oermastere troch de tsjinstfeinten fan Bernardo. Nei't Leonora derhinne fallen is, ûntdekt Bernardo in dolk en in selsmoardbryfke yn har klean, wat makket dat er einlings begrypt dat it syn dochter mienen is.
 
Nei it mislearre houlik naaie Julio, Leonora en Violante alletrije apart faninoar út. Julio tsjocht de wyldernis yn, dêr't er fjochtpartijen útlokket mei de skiephoeders dêre. Leonora siket har taflecht yn in [[kleaster|nonnekleaster]]. Violante ferklaait harsels as in jonge en wurdt de feint fan in masterskiephoeder. Dy masterskiephoeder is in seldsum figuer yn 'e tradysjoneletradisjonele Ingelske toanielkeunst: in man dy't snugger genôch is om te sjen dat in frou in frou is as hja har as jonge ferklaaid hat. Hy makket grouwélige seksuële avânses nei Violante, mar ear't er har tenei komme kin, arrivearret Roaderik, de âldere broer fan Henriquez. Dy fandelet Violante, Julio, Leonora en Henriquez byinoar en konfrontearret harren mei-inoar. Julio en Leonora beslute om dochs noch te trouwen, en Leonora har heit Bernardo leit him dêr no by del. Henriquez hat ûnderwilens berou krigen fan syn smjuntestreken en om it goed te meitsjen mei Violante wol er no mei har trouwe (tsjintwurdich grize je derfan as in ferkrêftingsslachtoffer mei de dieder trouwe moat, mar doedestiden waard it wierskynlik as in ''happy end'' beskôge).
 
{{boarnen|boarnefernijing=