Noardlike Sjajinne Yndianereservaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
st
Rigel 23:
 
==Skiednis==
De [[Noardlike Sjajinnen]] (''Northern Cheyenne'') binne tradysjoneletradisjonele bûnsgenoaten fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), en fan [[1864]] oant [[1879]] wiene se oanhâldend yn oarloch mei de Amerikanen. Yn [[1877]] waarden se nei in reservaat yn it [[Yndiaanske Territoarium]] (it hjoeddeiske [[Oklahoma]]) ta deportearre, dêr't se har by harren sibben, de [[Súdlike Sjajinnen]] jaan moasten. De libbensomstannichheden wiene dêre lykwols poermin, der wie net genôch iten en der hearske [[malaria]]. Yn septimber [[1878]] die in grutte troep Noardlike Sjajinnen, ûnder lieding fan 'e opperhaden [[Stomp Mês]] en [[Lytse Wolf]], in wraam op ûntsnapping nei it noarden, de saneamde [[Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen]].
 
De groep fan Stomp Mês waard lykwols by [[Fort Robinson]], yn [[Nebraska]], besingele en finzen nommen. Doe't dúdlik waard dat se weromstjoerd wurde soene nei it Yndiaanske Territoarium, besochten se ûnder barre winterske omstannichheden yn jannewaris [[1879]] út te brekken, wêrby't de measten fan harren, fral froulju en bern, omkamen. Dat barren kaam bekend te stean as it [[Bloedbad fan Fort Robinson]]. Stomp Mês wist mei in stikmannich oaren te ûntkommen, en stoar fjouwer jier letter noch as frij man. De groep fan Lytse Wolf wist nei in lange tocht [[Montana]] te berikken, dêr't se úteinlings bliuwe mochten en har fêstigen yn 'e neite fan [[Fort Keogh]] (by it tsjintwurdige [[Miles City (Montana)|Miles City]]).