Húslik geweld: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 6:
 
== Wetjouwing ==
TradysjoneelTradisjoneel hiene manlju yn 'e measte kultueren it rjocht om harren froulju te "hoffenjen" (Nederlânsk: "''kastijden''"), mar yn 'e Westerske wrâld rekken se dat rjocht oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde iuw|njoggentjinde]] of it begjin fan 'e [[tweintichste iuw]] kwyt. Arrestaasjes foar húslik geweld wiene oant de santiger jierren lykwols tige seldsum en kamen inkeld foar as it geweld wol alderraarste foarmen oannaam. Pas sûnt de jierren njoggentich binne der wetten oannommen en rjochtlinen opsteld dy't de wol begryplike tebekhâldendheid fan 'e [[plysje]] om yn in houlik of in oare yntime relaasje yn te gripen, oan kant reage hat.
 
Yn in protte lannen (lykas [[Nij-Seelân]], [[Eastenryk]] en in soad [[Amerikaanske steaten|steaten]] fan 'e [[Feriene Steaten]]) binne wetten oannommen dy't it mooglik meitsje om lju dy't fan it dwaan fan húslik geweld fertocht wurde, út 'e hûs te pleatsen (oftewol in [[hûsferbod]] op te lizzen). Yn [[Nederlân]] is op [[1 jannewaris]] [[2009]] de ''Wet Tijdelijk Huisverbod'' yngien, dy't it mooglik makket om in fertochte foar in perioade fan yn begjinsel 10 dagen sa'n hûsferbod op te lizzen. Hy (of sy) mei dan ûnder dy perioade op gjin inkele manear kontakt opnimme mei it thúsfront. Bysûnder oan dizze wet is dat der noch gjin fysyk húslik geweld plakfûn hoecht te hawwen, mar dat inkeld de driging dêrfan al genôch is om sa'n hûsferbod op te lizzen. Soks stiet yn skril kontrast mei lannen as de [[Feriene Arabyske Emiraten]], dêr't yn [[2010]] it heechgerjochtshôf oardiele dat in man it rjocht hat om frou en bern fysyk te "dissiplinearjen" salang't dat mar gjin sichtbere lichaamlike skeinings neilit, en mei de Amerikaanske steat [[Oklahoma]], dêr't in frou ek pas in oanklacht foar húslik geweld yntsjinje kin as hja blauwe plakken of oare sichtbere ferwûnings hat.