Neder-Michigan: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
 
Rigel 7:
Neder-Michigan is fierhinne flak. It heechste punt is net offisjeel fêststeld, mar it is nei gedachten de top fan [[Briar Hill]], dy't op 520 m boppe seenivo leit. It leechste punt is it wetteroerflak fan 'e [[Earymar]]. Yn it noardlike part fan it skiereilân binne noch [[ûntginning|ûnûntgûne]] [[wâld]]en te finen. Oan 'e westkust, by de [[Michiganmar]] lâns, lizze [[strân|strannen]] dy't by't [[simmer]] in protte [[toerisme|toeristen]] lûke. De grutste [[rivier]] is de 420 km lange [[Grand River (Michigan)|Grand River]], dy't by [[Grand Rapids (Michigan)|Grand Rapids]] yn 'e Michiganmar útmûnet.
 
Neder-Michigan bestiet út fjouwer fan 'e fiif offisjele regio's fan Michigan: [[Noard-Michigan]], [[Midden-Michigan]], [[Súdeast-Michigan]] en [[West-Michigan]]. De hiele kontrei beslacht fierwei it grutste part fan it lân fan 'e steat [[Michigan]]. De rest fan 'e steat wurdt foarme troch [[Opper-Michigan]], in oar skiereilân, dat mear nei it noardwesten ta ynklamme leit tusken de [[Boppemar]], de [[Michiganmar]] en de steat [[Wiskonsin]]. De beide dielen fan 'e steat steane yn kontakt troch de [[Mackinac Brêge]] oer de smelle [[Strjitte fan Mackinac]]. Sadwaande wurde de ynwenners fan Neder-Michigan troch de ''Yoopers'' fan Opper-Michigan wol '[[trol]]len' neamd, om't se 'ûnder de brêge' wenje (it tradysjoneletradisjonele wenplak fan sokke mytyske wêzens).
 
==Demografy==