The Mountains of Mourning: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 34:
 
==Plot==
Op 'e [[planeet]] Barrayar binne poppen mei oanberne lichaamlike brekmen net ûngewoan, yn it earste plak troch de minskfijannige planetêre natoer dêre, en oard fanwegen de [[radioaktive strieling]] dy't in oanhâldend gefolch is fan 'e wapens dy't brûkt binne troch de Cêtagandyske besetters yn 'e tiid fan 'e Earste Cêtagandyske Oarloch, yn harren fergese besykjen om 'e Barrayarezen derûnder te krijen. Om't it libben op Barrayar yn it ferline dreech wie en de helpboarnen beheind, waarden sokke poppen tradysjoneeltradisjoneel deade, al is dat tsjin 'e tiid dat ''The Mountains of Mourning'' spilet al tweintich jier strang ferbean. Mar likegoed wurde sokke "múttys" (koart foar "[[mutant|mutanten]]") noch altiten ferachte en mijd, wylst yn sletten mienskippen yn ôfhandige kriten sels [[ynfantiside]] noch wol foarkomt.
 
Miles Vorkosigan, de soan fan 'e minister-presidint fan Barrayar, is troch de gefolgen fan in gifgasoanslach op syn âldelju doe't er noch mar in [[foetus]] yn syn memme [[limoer]] wie, lichaamlik hendikept te wrâld kommen. Hy is mar 1.45 m., mei in yn ferliking te grutte holle, in bochel en tige brekbere bonken, dy't him needsaakje ta it dragen fan skonkbûgels. Hoewol't der op genetysk mêd neat mei him mis is, hat er dochs altiten tsjin foaroardielen opbokse moatten. Mar likegoed hat er oan it begjin fan ''The Mountains of Mourning'' krekt syn oplieding oan 'e Barayarreeske Militêre Akademy ôfrûne, wat er oprêden hat om't er syn fysike beheinings kompensearret mei in goed ferstân, besieling en klearebare stiifsinnigens. No is op ferlof, dat er trochbringt mei syn âldelju te Vorkosigan Surleau, it bûten fan 'e Vorkosigan-famylje oan in mar yn harren distrikt. Hy is fan doel om nei de swiere militêre trening syn tiid dêre te ferslampamperjen, mar op 'e earste dei fan syn ferlof komt der in jonge frou, Harra Mattulich Csurik, oan 'e poarte, dy't bleatfoets en rinnende yn fjouwer dagen hielendal út 'e bergen dêrhinne kommen is en har rjocht as ûnderdien ynropt om foar har greve ferskine te meien mei in beskuldiging fan moard.
Rigel 40:
Miles syn heit, dy't behalven minister-presidint ek greve fan it Vorkosigan-distrikt is, heart har oan. Har ferhaal is dat har poppe, dy't berne wie mei in [[hazzelippe]] en in [[spjalten ferwulft]] deadien is troch har man, in Lem Csurik. De greve beslút dêrop Miles as syn fertsjintwurdiger nei har berchdoarp te stjoeren, om 'e misdie te ûndersykjen en dan yn syn heite namme rjocht te sprekken, mar dêrnjonken, mei it each op syn uterlik, teffens as in net sa subtyl boadskip fan 'e greve oan 'e doarpsbewenners. Boppedat is it in test foar Miles sels, en ien dêr't er net oermjitte wiis mei is.
{{Plotbedjer}}
Sa reizget Miles mei syn kriichsman Pym, de legerdokter luitenant Dea en Harra Csurik nei it earmtlike doarpke Silvy Vale, heech yn it Dendarii-berchtme, dêr't moderne gemakken as streamend wetter, elektrisiteit, ûnderwiis en — foar in grut part fan 'e lju — skuon noch ûnbekend binne. Hoewol't se der mei in lichtfleaner yn in pear oerkes wêze kinnen hiene, liket it Miles syn heit better ta om yn dizzen tradysjoneletradisjonele ferfiermiddels te brûken: hynders. As Miles-en-dy op 'e moarn fan 'e trêde deis nei harren ôfsetten út Vorkosigan Surleau yn Silvy Vale oankomme, is nimmen dêr tige bliid mei harren. De "doarpssprekker" (in soarte fan boargemaster en fjildwachter tagelyk) dêre is de ienearmige feteraan Karal. Dizze man hie eins Harra Csurik har beskuldiging registrearje en oan 'e justysjele autoriteiten rapportearje moatten, mar hie dat wegere. No besiket er Miles fan syn ûndersyk ôf te bringen. Ynstee fan nei him te harkjen, stjoert Miles him der mei Pym opút om Lem Csurik yn te rekkenjen, mar de fûgel blykt flein te wêzen en is grif yn 't foar warskôge. In [[lykskôging]] op it lichem fan 'e poppe, Raina Csurik, ferrjochte troch luitenant Dea, wiist út dat it bern de nekke brutsen is. Dy deis wurdt der fierders neat mear bedijd, of sa liket it alteast; in syktocht nei Csurik, útfierd troch Karal en konsorten, smyt neat op. Dy jûns komt suver it hiele doarp del om 'e "mútty-hear" te besjen en sa komt Miles mei ferskate lju yn 'e kunde, wêrûnder frou Csurik, de mem fan Lem, en frou Mattulich, de mem fan Harra.
 
Miles, Pym en Dea bringe de nacht troch op 'e souder fan Karal syn hûs, benammentlik om 'e gastfrijens fan dy syn frou net te beskamjen. Karal syn trije jonge soannen, dy't dêrtroch fan harren plak ferballe binne en útwike moatte soene nei de weranda, biedt Miles ynstee ûnderdak yn syn legertinte, wat se mei gragens oannimme. Twaris dy nachts wurdt it hiele hûs wekker makke en yn ûnstjoer brocht, de earste kear as immen besiket de legertinte yn 'e brân te stekken (wat net slagget om't dy makke is fan ûnbrânber materiaal) en de twadde kear as immen besiket Miles syn oernuete hynder de kiel troch te snijen (wat mar krekt mislearret en dêr't it bist in lange djippe en pynlike jaap yn 'e hals oan oerhâldt).