Invader (roman fan C.J. Cherryh): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 41:
It ferhaal berikt syn klimaks as de kapsule mei dêryn Jase en Yolanda lânje sil yn 'e wyldernis om 'e [[bûtenpleats]] fan 'e ''aiji'' yn Taiben hinne, dêr't se troch Bren en de ''aiji'' sels opwachte wurde. Tsjin dy tiid hat út opfongen radiokommunikaasje tusken Hanks en har stipers op Mospheira bliken dien dat Hanks sels aktyf meiwurke hat oan har 'ûntfiering' út it Bu-javid, en dat se har no by de atevi-rebellen jûn hat. Yn in deunby lein [[resort|fakânsjeresort]] ferspriede de rebellen it nijs fan 'e oankommende lâning, mei as gefolch dat hûnderten [[toerisme|toeristen]] Taiben ynkringe om in glimp fan it histoaryske barren op te fangen. De bedoeling is fansels dat dat it foar de rebellen sels makliker makket om har yn Taiben te bejaan, mei't se har foardwaan kinne as toeristen. Oarsom is it foar de befeiliging fan 'e ''aiji'' en Bren syn liifwachten folle dreger om ûnskuldige nijsgjirrigen fan wapene tsjinstanners te ûnderskieden.
 
Te [[nacht|neare nacht]] reitsje Bren en syn liifwachten Banichi, Jago, Tano en Algini yn 'e wyldernis yn in fjoergefjocht ferwikkele en wurde se yn it nau brocht troch in [[boskbrân]] dy't feroarsake is troch it gebrûk fan swiere [[eksplosyf|eksplosiven]] troch de tsjinpartij. Hja wurde lykwols rêden troch Ilidisi en Geigi, dy't troch harren eigen saakkundigen bewissige binne fan 'e wierheid fan Grigiji syn berekkenings, en Bren-en-dy op ''mecheiti'' (de tradysjoneletradisjonele [[ryddier]]en fan 'e atevi) te help komme. Geigi hat boppedat Hanks by him, dy't hy, as lid fan 'e opposysje, op eigen manneboet oan 'e beskerming fan 'e rebellen ûntskuord en finzen nommen hat. ''Invader'' einiget mei de oankomst fan 'e beide ferdwaasde romtefarders op it planeetoerflak, dêr't se ferwolkomme wurde troch in smoarge en lichtlik skansearre Bren, in groep atevi op ''mecheiti'' en neieroankommende boskbrân.
 
{{boarnen|boarnefernijing=