Ferskil tusken ferzjes fan "Nêzjd"

Gjin feroaring yn grutte ,  1 jier lyn
st
L (st)
(st)
Tsjin 'e [[Midsiuwen]] wie it Arabysk Skiereilân ferwurden ta in ûnbelangryk gewest yn 'e perifery, mei't [[Syrje]], [[Mesopotaamje]], [[Egypte]] en sels [[Spanje]] har ûnderwilens ta folle wichtiger islamityske sintra ûntwikkele hiene. De yn wêzen útlânske hearskers, dy't harren sit yn [[Damaskus]], [[Bagdad]] of [[Kaïro]] hiene, koene net in protte belangstelling opbringe foar de Nêzjd, mei as gefolch dat de krite weromkearde nei de pre-islamityske sitewaasje, wêrby't de ôfsûnderlike stammen feitliks folslein ûnôfhinklik wiene wylst se ûnderling tsierden en fetes útfochten. Yn 'e [[sechstjinde iuw]] feroveren de [[Osmaanske Ryk|Osmaanske Turken]] de [[Hidjas]] (de [[Reade See|Reade-Seekust]]) en teffens de kust fan 'e [[Perzyske Golf]]. Mei-iens foegen se ek de dêr tuskenyn leine Nêzjd mar even by harren ryk, ek al hiene se dêr yn 'e praktyk neat yn 'e molke te krommeljen.
 
Yn 'e [[1744]] stifte in Nêzjdysk stamhaad, [[Mohammed bin Saûd]], it nei him neamde [[Hûs fan Saûd]], in dynasty dy't noch altyd bestiet en dy't hjoed de dei it nei syn stifter ferneamde [[Saûdy-Araabje]] regearret. Mohammed bin Saûd stie sterk ûnder ynfloed fan 'e [[religy|religieuze]] foaroanman [[Mohammed ibn Abd al-Wahab]], de stifter fan 'e strang-islamityske streaming fan it [[wahabisme]], en rjochte yn 1744, yn 'e krite om [[Ar-Riaad]] hinne, de [[Earste Saûdyske Steat]] op. Dy wreide him fluch út en krige frijwol it hiele Arabysk Skiereilân yn 'e macht, mar waard yn [[1818]] ûnder fuotten helle troch it leger fan [[Mohammed Ali fan Egypte|Mohammed Ali Pasja]], de Osmaanske ûnderkening fan [[Egypte]]. De [[Twadde Saûdyske Steat]] wie in folle lytser, tribaal sjeikdom om Ar-Riaad hinne, dat yn [[1824]] stifte waard, mar yn [[1890]] ferovere waard troch de tradysjoneletradisjonele fijannen fan it Hûs fan Saûd, de [[Rasjidi-dynasty|Rasjidi's]].
 
Yn [[1902]] stifte [[Ibn Saûd]], dy't letter de oprjochter en earste kening fan Saûdy-Araabje wurde soe, de [[Tredde Saûdyske Steat]] troch Ar-Riaad op 'e Rasjidi's werom te feroverjen. Meitiid wist er de stipe fan 'e [[Grut-Brittanje|Britten]] te winnen, dy't him fan wapens en munysje foarseagen. Dêrmei dreau er de troch de Osmanen stipe Rasjidi's almar fierder werom nei it noarden, oant yn [[1922]] mei de ynname fan [[Hayl]] de ferovering fan 'e Nêzjd foltôge waard. Ibn Saûd, dy't al sûnt 1902 de titel [[emir]] fan de Nêzjd droech, ferhefte himsels doe ta [[sultan]] fan de Nêzjd, en nei de ferovering fan 'e Hidjas rôp er himsels yn [[1927]] út ta kening fan 'e Nêzjd, wêrmei't er syn heitelân op gelikense hichte brocht mei de Hidjas, dat ek in keninkryk wie. Yn [[1932]] foege er de beide gebieten gear ta ien lân, dat er Saûdy-Araabje neamde.
11.721

bewurkings