Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
st
Rigel 21:
De Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma hie yn [[2011]] 12.000 leden, dy't besteane út [[etnyske groep|etnyske]] [[Sjajinnen]] (''Cheyenne'') fan 'e substamme fan 'e [[Súdlike Sjajinnen]], en [[Arapaho (folk)|Arapaho]] fan 'e substamme fan 'e [[Súdlike Arapaho]]. Yn [[2003]] identifisearren har likernôch 8.000 fan 'e leden as Sjajinnen en 4.000 as Arapaho, mar troch it oanhâldende yninoar omtrouwen wurdt it almar dreger om noch te sizzen wa't in Sjajinne en wa't in Arapaho is.
 
Dat wurdt ek wjerspegele yn 'e namme fan 'e stamme, dy't sûnt [[2000]] feroare is fan Súdlike Sjajinne en Arapaho Stamme'''n''' fan Oklahoma (meartal) yn Sjajinne en Arapho Stamme fan Oklahoma (inkeltal). Guon Súdlike Sjajinnen iverje foar it winnen fan federale erkenning foar de TradysjoneleTradisjonele Súdlike Sjajinne Naasje (''Traditional Southern Cheyenne Nation''), it Sjajinske diel fan 'e organisaasje, krekt sa't guon Arapaho erkenning sykje foar de Arapaho Stamme fan Oklahoma (''Arapaho Tribe of Oklahoma''), it Arapaho-diel. Dit stribjen liket lykwols net bot te einjen.
[[File:Lânkaart fan eardere Yndianereservaten yn Oklahoma.PNG|left|thumb|300px|De eardere Yndianereservaten yn [[Oklahoma]]. It reservaat fan 'e Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho is it grutte dûnkerpearze flak yn westlik Oklahoma.]]
 
==Skiednis==
De Súdlike Sjajinnen en Súdlike Arapaho waarden troch de Amerikaanske oerheid yn [[1867]] aparte reservaten tasein, mar de Súdlike Arapaho fûnen de lokaasje fan harren reservaat yn [[Kansas]] mar neat, en keazen ynstee foar in mienskiplik reservaat yn Oklahoma, it [[Sjajinne en Arapaho Yndianereservaat]], mei harren tradysjoneletradisjonele bûnsgenoaten, de Súdlike Sjajinnen. Under de [[Wet-Dawes]] waard yn [[1892]] alle reservaatlân dat net yndividueel eigendom wie, frijjûn foar [[kolonisaasje]] troch de blanken. Mei de [[Wet-Curtis fan 1898]] waarden alle Yndiaanske regearings yn Oklahoma opheft foarôfgeande oan it opnimmen yn 'e Amerikaanske Uny fan dat gebiet as in folweardige steat. Offisjeel hiet it dat Oklahoma oars sa'n soad reservaten hawwe soe, dat it ûnregearber wurde soe, mar eins wie it in ordinêr besykjen om 'e Yndianen te assimilearjen.
 
Yn 'e [[tweintichste iuw]] kaam [[Washington, D.C.|Washington]] werom fan dat belied, mar tsjin dy tiid wie Oklahoma al in soevereine steat, en koe it nasjonaal regear Oklahoma net mear twinge om dy soevereiniteit werom te jaan oan 'e Yndianen. Likegoed besocht men manearen te finen om it wer wat goed te meitsjen, en in wichtige stap op dy wei wie it oannimmen fan 'e [[Oklahoma-Yndiaanske Wolwêzenswet]] fan [[1936]], dy't it begryp "eardere Yndiaanske reservaten yn Oklahoma" as in juridyske term yntrodusearre. Oan dy gebieten waarden tenei beskate foardielen takend dy't ek oan noch besteande reservaten tafoelen. As gefolch fan dizze wet koe yn [[1937]] de Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma oprjochte wurde, sûnder reservaat, mar mei as juridyske lânbasis it eardere Sjajinne- en Arapaho-reservaat.