Ferdrach fan Fort Laramie (1851): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
st
 
Rigel 2:
It '''Ferdrach fan Fort Laramie''' wie in oerienkomst dy't op [[17 septimber]] [[1851]] sletten waard tusken it [[regear]] fan 'e [[Feriene Steaten]] en beskate [[Yndianen|Yndiaanske]] [[folk]]en út it gebiet fan 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] fan [[Noard-Amearika]]. Hoewol't in protte [[jeropide ras|blanke]] kolonisten ûnderweis nei fêstigingsgebieten yn [[Oregon]] en [[Kalifornje]] tsjin dy tiid al oer de Flakten tein wiene, foel harren oantal yn it neat by de stream [[migrant]]en dy't op gong kommen wie nei it útbrekken fan 'e [[Kalifornyske Goudkoarts]], yn [[1849]]. De measten fan dy lânferhuzers teagen nei it [[Wylde Westen|Westen]] ta oer it ferneamde [[Oregon Trail]], in rûte dy't troch it wengebiet fan ferskate Yndiaanske folken rûn. Sadwaande besocht de Amerikaanske oerheid troch ûnderhannelings mei dy Yndianen ta in soarte fan [[rjocht fan reed]] te kommen, dat de feilichheid fan 'e reizgers waarboargje soe.
 
Yn [[Fort Laramie]], yn it súdeasten fan wat letter de [[Amerikaanske steat]] [[Wyoming]] wurde soe, waarden ûnderhannelings fierd tusken folmachten fan it Amerikaanske regear en fertsjintwurdigers fan 'e [[Arapaho (folk)|Arapaho]], [[Arikara (folk)|Arikara]], [[Assiniboin (folk)|Assiniboin]] (''Assiniboine''), [[Hidatsa (folk)|Hidatsa]], [[Krieën (folk)|Krieën]] (''Crow''), [[Mandan (folk)|Mandan]], [[Sjajinnen]] (''Cheyenne'') en [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''). It ferdrach dêr't se it oer iens waarden, omfette de tradysjoneletradisjonele gebietsoanspraken fan 'e belutsen folken, dy't troch de Feriene Steaten erkend waarden. De Yndianen garandearren de feilige trochreis fan kolonisten oer it Oregon Trail yn ruil foar ûnthjitten fan in [[jierjild]] fan fyftichtûzen [[Amerikaanske dollar|dollar]] it jier foar de folgjende de fyftich jier. Teffens stiene se ta dat op spesifyk oanjûne plakken op harren lân [[ferhurde wei|wegen]] en [[fort]]en oanlein wurde mochten.
 
De [[Amerikaanske Senaat]] feroare letter op eigen manneboet de doer fan 'e jierjildbetellings sa't dy fêstlein wiene yn kêst 5 fan it ferdrach, fan fyftich jier nei tsien jier. Fan alle dielnimmende folken útsein de Krieën waard dêrfoar efterôf goedkarring loskrigen. Dit earste Ferdrach fan Fort Laramie brocht in perioade fan likernôch fyftjin jier dat de Flakten relatyf freedsum bleaune, mar fan 'e útfiering fan 'e plichten dy't it Amerikaanske regear mei de ûndertekening op him nommen hie, kaam neat op 'e hispel. Oan guon folken waarden de jierjilden nea útbetelle, wylst de oaren se faak te let of mar foar in diel krigen. It ferdrach bliek úteinlik neat wurdich te wêzen doe't de Feriene Steaten wegeren om 'e [[kolonisaasje]] fan 'e yn it ferdrach erkende wengebieten fan 'e Yndianen troch blanke kolonisten en [[goudsiker]]s tsjin te hâlden. De [[Oarloch fan Reade Wolk]], dy't yn [[1866]] in ein oan 'e frede makke, waard dan ek folslein feroarsake troch kontraktbrek fan Amerikaanske kant.