Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
st
Rigel 24:
 
==Oanhing en fersprieding==
It tradysjoneletradisjonele grûngebiet fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië omfettet [[Syrje]], [[Libanon]], [[Irak]], [[Iran|Iraan]], it hiele [[Arabysk Skiereilân]] en it súdeastlike fearn fan it [[Turkije|Turkske]] [[Anatoalje]]. Ek [[Syprus]] hearde derta, oant de [[Tsjerke fan Syprus]] yn it jier [[431]] selsstannich waard. Sawol de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië as de Tsjerke fan Syprus binne lid fan 'e [[Middeneastlike Rie fan Tsjerken]]. De Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië hat op 't heden ien autonome tsjerke ûnder syn gesach: it yn [[1975]] oprjochte [[Antiocheensk-Otterdoks Kristlike Aartsbisdom fan Noard-Amearika]], mei syn sit yn [[New York City|New York]], yn 'e [[Feriene Steaten]], dat stifte is foar Middeneastlike Gryksk-otterdokse emigranten dêre.
 
Hoewol't der gjin offisjele ledetellings beskiber binne, wurdt rûsd dat de Gryksk-Otterdokse Tsjerke fan Antiochië omtrint twa miljoen leden hat, wêrfan't de grutte mearderheid, likernôch 1,1 miljoen, alteast foar't yn [[2012]] de [[Syryske Boargeroarloch]] útbriek, yn Syrje wenne. Yn Libanon libje sa'n 460.000 Gryksk-otterdoksen,<ref>Keulen, Jan, ''Libanon'', Amsterdam/De Haach, 1996 (''Koninklijk Instituut voor de Tropen''/Novib), ISBN 9 06 83 23 326.</ref> wylst yn 'e rest fan it [[Midden-Easten]] miskien noch in 100.000 tahâlde. De rest wennet om utens, benammentlik yn [[Noard-Amearika]], [[West-Jeropa]] en [[Austraalje (lân)|Austraalje]]. It Antiocheensk-Otterdoks Kristlike Aartsbisdom fan Noard-Amearika hat likernôch 75.000 leden.