Anton Mauve: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
 
Rigel 11:
Vincent gie ein fan [[1881]] foar sa'n trije wike oan it wurk in it Haachske atelier fan syn oantroude neef. Fia him kaam er yn de kunde mei it wurk fan ûnder oaren [[Jaap Maris|Jaap]] en [[Matthijs Maris]], [[Johan Hendrik Weissenbruch|J.H. Weissenbruch]], [[Hendrik Willem Mesdag|H.W. Mesdag]], [[George Hendrik Breitner|G.H. Breitner]] en [[Jozef Israëls]].Jozef Israels en Willem Maris harren ynfloed makke dat syn skildertoets losser waard, dat er frijer doarde te skilderjen.
 
Mauve joech Vincent skilderles. Syn ynfloed op Vincent hat grutter west dan't faak oannomd wurdt. Underwerpen as dollers, ierdappeliters en houtferkeapers naam er fan Mauve oer. Mauve respektearre van Gogh's talint, mar woe dat er him talei op de tradysjoneletradisjonele feardigens fan tekenjen en modellearjen. Troch syn ferhâlding mei Sien Hoornik krige Vincent skeel mei Mauve. Doe't Anton Mauve yn 1888 hommels ferstoar yn Arnhim, droech Vincent yn [[Arles]] syn 'Souvenir de Mauve', rôze bloeiende pjisken, oan him op.
 
Mauve syn meast produktive jierren wiene dy yn [[Laren (Noard-Hollân)|Laren NH]], dêr't er ien fan de oprjochters fan de [[Larenske Skoalle]] wie. In protte fan syn skilderijen hat er yn de omkriten fan Laren makke. It [[Goai]] waard wol 'it lân fan Mauve' neamd troch toeristen en keunstkenners. Oant yn Amearika wie dizze streek mei dy namme bekend.