Bedum (plak): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
st
Rigel 3:
 
== Tsjerken ==
De hjoeddeiske herfoarme [[Walfridustsjerke (Bedum)|Walfridustsjerke]] waard yn de 11e iuw stichte as beafeartstsjerke fan [[Sint-Walfridus]], dy't yn Bedum libbe hawwe soe en troch de [[Wytsingen|Noarmannen]] fermoarde wêze soe. Opfallend oan de tsjerke is de skeane 11e iuwske toer yn [[romaanske arsjitektuer|romaanske styl]]. Dizze toer stiet skeaner as dy fan [[Toer fan Pisa|Pisa]]: hy hinget 4,18°<ref>Tan α=2,61m/35,704; α=4,18graden</ref> út it lead versus de 3,97° fan Pisa. Hy is yn elts gefal de skeanste fan [[Nederlân]]. Yn de 15e iuw waard de tsjerke fergrutte ta in twabeukige [[Gotyk|goatyske]] [[halletsjerke]], dy't yn de [[16e iuw]] útwreide waard mei in grut koar mei omgong foar it [[kapittel]] fan de tsjerke. Nei de [[Reformaasje]] is de tsjerke swier skeind, ûnder mear troch sloop fan it koer en ferleging fan de noarderbeuk. Yn de Midsiuwen hie Bedum noch in beafeartstsjerke, wijd oan [[Radfridus|Sint Radfridus]], de soan fan Walfridus. Fan dy tsjerke is boppe de grûn neat oer. De roomsk-katolike tsjerke Us Leaffrou Himelfeart is in [[ienbeukige]] krústsjerke yn [[neogotyk|neogoatyske styl]], boud yn 1880-1881 nei ûntwerp fan [[Alfred Tepe]]. De grifformearde Noardertsjerke út 1938 waard ûntwurpen troch arsjitekt [[Egbert Reitsma]] yn tradysjonalistysketradisjonalistyske styl.
 
<gallery>