Aseksualiteit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L (GR) File renamed: File:Ace-logo4.svgFile:AVEN Triangle.svg Criterion 2 (meaningless or ambiguous name)
st
Rigel 3:
Aseksualiteit moat net betize wurde mei [[seksuële ûnthâlding]] of mei it [[selibaat]], dat oanlearde foarmen fan hâlden en dragen binne dy't oer it algemien motivearre wurde troch faktoaren lykas immens persoanlike of [[religy|religieuze]] oertsjûgings. In seksuële oriïntaasje is yn tsjinstelling ta seksueel hâlden en dragen wat dêr't men mei berne wurdt en dat net feroare wurde kin (al wurdt dat gauris wol besocht). It ûnfermogen om seksuële oantrekking of oanstriid ta seks te fielen wol fansels net sizze dat aseksuële persoanen gjin [[leafde]] fiele kinne of in romantyske relaasje mei in oar persoan hawwe kinne. Yn sa'n relaasje sil de leafde fan harren kant lykwols [[platoanyske leafde|platoanysk]] wêze. Guon aseksuële minsken dogge trouwens wol deeglik oan [[geslachtsferkear|seks]], al hawwe se gjin of frijwol gjin oanstriid ta seks en fiele se gjin of frijwol gjin seksuële oantrekking ta oare persoanen. Dat se dan dochs geslachtsferkear bedriuwe, kin fuortkomme út in ferskaat oan redens, lykas de wil om it in romantyske partner nei it sin te meitsjen of de winsk om bern te krijen.
 
De akseptaasje fan aseksualiteit as in seksuële oriïntaasje en in fjild fan wittenskiplik ûndersyk is noch relatyf jong, mar der wurdt hjoed de dei almar mear [[sosjology]]sk en [[psychology]]sk ûndersyk nei dien. Net alle wittenskippers binne it dermei iens dat aseksualiteit as in seksuële oriïntaasje beskôge wurde moat. Aseksuëlen fiele har yn 'e hjoeddeiske Westerske maatskippij, dy't grutdiels op seks en it ferkeapjen fan seks rjochte is, gauris bûtensletten. Yn tradysjoneleretradisjonelere kultueren wurde se faak, krekt as homoseksuëlen, mijd of aktyf ferfolge. Yn [[Súd-Afrika]], bygelyks, wurde aseksuële froulju, krekt as [[lesbiënne]]s, faak it slachtoffer fan [[korrektive ferkrêfting]]. De opkomst fan it [[ynternet]] en letter fan 'e [[sosjale media]] hawwe in ûnmisbere rol spile by it mei-inoar yn kontakt bringen fan aseksuëlen. Ien fan 'e bekendste en meast foaroansteande fan 'e aseksuële mienskippen dy't har op dy manear foarme hawwe, is it [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] ''Asexual Visibility and Education Network'' (AVEN), dat yn [[2001]] oprjochte waard troch de aseksuële aktivist [[David Jay]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=