Nûnavik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
st
Rigel 39:
[[Ofbyld:Flagge fan de Makivik Korporaasje.PNG|thumb|right|175px|De flagge fan 'e [[Makivik Korporaasje]], dy't de [[Inûyt]] fan [[Kebek (provinsje)|Kebek]] fertsjintwurdiget.]]
 
De [[Makivik Korporaasje]], mei syn haadkertier yn [[Kuujjuaq]], is de offisjele fertsjintwurdigjende organisaasje fan 'e Inûyt fan noardlik Kebek yn harren relaasjes mei de provinsjale en federale oerheden. Dy organisaasje stribbet nei mear selsbestjoer foar de regio, en ûnderfûn de útkomst fan it referindum fan [[2011]] as in slimme tebeksetter. Koartby hat de Makivik Korporaasje troch ûnderhannelings in oerienkomst berikt oer de tradysjoneletradisjonele lânrjochten fan 'e Nûnavikske Inûyt op 'e (fierhinne ûnbewenne) eilannen yn 'e [[Hudsonbaai]] en de [[Hudsonstrjitte]], dy't bestjoerlik allegear ûnder it [[Kanadeeske provinsjes en territoaria|territoarium]] [[Nûnavût]] falle.
 
It [[Kry (folk)|Kry]]-doarp [[Whapmagoostui]], dat in [[enklave]] foarmet op 'e eastkust fan 'e Hudsonbaai, fuortby it Inûyt-doarp [[Kuujjuaraapik]], heart ta de [[Kry Regionale Autoriteit]], it semy-autonome regear fan 'e [[Grutte Ried fan de Kry]] (''Grand Council of the Crees''). De [[Naskapy (folk)|Naskapy]] fan 'e [[Naskapy Naasje fan Kawawachikamach]], oan 'e súdeastgrins fan Nûnavik, hat de eksklusive jachtrjochten yn besit yn in oansjenlike krite yn súdlik Nûnavik, en is dêrom fertsjintwurdige yn it Regionaal Regear Kativik.